FNP Fryslân
Earste Keamer - Nijs

Debat yn Earste Keamer oer yntegriteit

OSF-FNP senator De Lange: easken stelle binnen partijen

Kees de Lange

Okkerdeis wie der in debat yn de Earste Keamer oer in evaluaasjerapport fan GRECO - Group of States against Corruption - fan de Ried fan Europa.

 

Us senator stelde yn dit debat: "Aan ieder van ons persoonlijk legt het de verantwoordelijkheid op om problemen met integriteit, of ze zich nu binnen of buiten de Eerste Kamer voordoen, aan de kaak te stellen. Nalatigheid om dit te doen vormt op zichzelf al een ernstig integriteitprobleem.'

  

Kees de Lange

OSF-Senator foar de FNP

Reaksje? Mail: keesdelange@osfractie.nl

 

De Ried fan Europa is gjin ynstitút fan de Europeeske Uny lykas de Europeeske Kommisje en it Europeesk Parlemint. It is in ûnôfhinklik orgaan dêr't steaten har bûgje oer bygelyks de minskerjochten en de rjochten fan (taal)minderheden. Sa komt it yn Fryslân bekende 'Europeesk Hânfêst foar Lytse Talen' by de Ried fan Europa wei. De GRECO hie in evaluaasjerapport makke, om te sjen hoe't it yn Nederlân stiet mei it foarkommen fan korrupsje ûnder parlemintariërs, rjochters en leden fan it Iepenbier Ministearje. It rapport gong ek oer de Earste Keamer sels. De Eerste Kamer hat dêrom op 8 oktober 2013 in bysûndere tydlike kommisje ynsteld. Dizze hie as opdracht om in reaksje fan de Earste Keamer op it GRECO rapport te jaan. Dizze reaksje is op 17 juny 2014 yn de Keamer bepraat. 

 

Klik hjirûnder nei de bydrage fan Kees de Lange oan dit debat. 


Oanhingsel(s):
OSF bydrage GRECO debat integriteit 17 juny 2014


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling