FNP Fryslân
Earste Keamer - Nijs

OSF kritysk yn debat oer Skatkistbankieren

Regearingsbelied skealik foar provinsjes en gemeenten

Kees de Lange   

It regear hâldt te rigide fêst oan de Europeeske 3% regel foar it begruttingsbelied. De besunigingsdrift en it ferplichte skatkistbankieren geane ten koste fan de regionale en lokale oerheden. Dat stelde de OSF út namme fan de regionale en lokale partijen yn it keamerdebat oer de Wet Houdbare Overheidsfinanciën en it 'Verplicht Schatkistbankieren voor decentrale overheden'.

 

Kees de Lange

OSF-Senator foar de FNP

 

Reaksje? Mail: keesdelange@osfractie.nl

 

Sizzenskip oer de eigen winkel is foar de OSF it liedend útgongspunt by it begruttingsbelied. De OSF makket him grutte soargen oer it ynkonsistinte regearingsbelied, dat mei de mûle beliedt dat it saken tichter by de boarger bringe wol, mar yn feite stjoerd wurdt troch in alles oerhearskjende oanstriid om te besunigjen. Dizze oanpak docht gjin rjocht oan de wichtige en ûnmisbere posysje fan desintrale oerheden en sil nei de oertsjûging fan De Lange by eintsjebeslút mear problemen skeppe dan dat der oplost wurde.  

 

De Provinsje Fryslân en oaren dy't yn harren treasury-belied fêstlein hawwe harren jild allinnich by Triple-A ynstellings te belizzen, rinne grutte finansjele skea op no't de Nederlânske steat en tal fan banken harren Triple-A status kwyt binne. It ferplichte Skatkistbankieren jout no as resultaat dat wy folle minder rinte barre sille oer it Fryske kapitaal. De FNP hie dêr in hoartsje lyn al foar warskôge en dat liket no ek út te kommen.

 

 

Klik hjir fierder nei de folsleine ynbring fan Kees de Lange oer it Skatkistbankieren.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling