FNP Fryslân
Earste Keamer - Nijs

Nei in minsklike mjitte

Nij pamflet OSF by de lokale ferkiezings

Kees de Lange   

De OSF hat  in in manifest útgean litten ûnder de titel Nei in minsklike mjitte. De OSF is de koepel fan de provinsjale partijen yn Nederlân. De OSF is mei in senator (Prof. Dr. Kees de Lange) yn de Earste Keamer fertsjintwurdige. It pamflet is bedoeld foar de provinsjale en lokale partijen om te brûken by it opstellen fan har eigen ferkiezingsprogramma. It wurdt dêrom ek tastjoerd oan alle lokale partijen dy't oansletten binne by de VPPG.

 

Kees de Lange

OSF-Senator foar de FNP

 

Reaksje? Mail: keesdelange@osfractie.nl

 

Klik hjir nei it pamflet as *.pdf

 

 

De VPPG is it platfoarm fan de lokale (gemeentlike) partijen yn Nederlân. Yn de gemeentlike polityk besette de lokale partijen sa'n kwart fan alle sitten yn de gemeenterieden. Tegearre fertsjintwurdigje de OSF en de VPPG de ûnôfhinklike politike partijen. De lêste pear jier is de gearwurking tusken de beide groepearringen hechter wurden. Beide fine dat de lokale en provinsjale polityk te bot oan de line fan de lanlike partijen rint en dat dêrtroch de pleatslike en provinsjale belangen der ûnder snije.

 

By gemeentlike en provinsjale ferkiezings giet it faak mear om de lanlike polityk as om saken yn de eigen gemeente of provinsje. By dy ferkiezings sjocht it yn provinsje en gemeenten, ta grutte argewaasje fan de ûnôfhinkliken, meastal swart fan de lanlike politike kopstikken út De Haach wei.

 

Yn it manifest seit de OSF dat de ûnôfhinklike partijen foar in mienskip fan de minsklike mjitte steane. Der hearsket no grutte ûnfrede ûnder in grut part fan de boargers oer de hjoeddeiske ferhâldings yn Nederlân. Minsken ha it gefoel dat se gjin fet mear hawwe op har eigen fermidden en har eigen libben. De eigen takomst hat gjin feilich perspektyf mear. Dat wierret populistyske partijen lykas de PVV yn ‘e kaart, miene de ûnôfhinkliken. Troch skaalfergrutting yn ûnderwiis, soarch en tsjinstferlienende organisaasjes ferfrjemdzje de boargers fan ynstellings dêr't se earder wol ynfloed op hiene. Skoalbestjoeren besteane net mear út âlden fan de bern mar út managers dy't fierder neat ha mei it ûnderwiis, lit stean mei de bern en har âlden. Jo bank ken jo allinne mar mear as in nûmer yn it bestân. Wenningstichtings lykje der allinne mar te wêzen foar de belangen fan de eigen organisaasje. De sosjale doelstellings fan soksoarte ynstellings is efter de hoarizon ferdwûn en hat plak makke foar ûnpersoanlike merkwurking. Troch fúzjes fan gemeenten en provinsjes sil de ôfstân tusken de boargers en de bestjoerder noch hieltyd grutter wurde. Wy-kenne-inoar is der net mear by. It gefolch sil wêze dat der noch mear ûnferskilligens ûntstiet by de kiezers. Hja ferpoffe it op 't lêst om de gong nei de stimbus noch te meitsjen: it makket ommers dochs neat út.

 

De OSF wol dêrom werom nei de minsklike mjitte yn de mienskip. Hja ha mei it each dêrop in politike wurklist foar de ûnôfhinkliken makke dêr't de ûnôfhinklike partijen gebrûk fan meitsje kinne as dat yn har program past. It befettet fjouwer kearnpunten:

 

1. Ekonomyske lytsskaligens

2. Wenje, leefberens en berikberheid

3. Underwiis en soarch

4. Kultuer en ferieningslibben.

 

By it earste punt giet it benammen om lytse bedriuwen safolle mooglik te stypjen om ek op it plattelân de wurkgelegenheid feilich te stellen. De ôfstân tusken de produksje en de ôfname kin bêst lytser. Der moat minder mei it iten sleept wurde. Dat is tagelyk goed foar it miljeu. It wenjen yn lytsere mienskippen mei mear sosjale kohesy ferbetteret it wengenot en giet de ûnfeiligens tsjin. De foarsjennings sille dêrom yn de lytsere kearnen bestean bliuwe moatte. Dat liket djoerder mar is op ‘en doer goedkeaper omdat minsken mear ree binne elkoar te helpen en minder gau in berop dogge op soarchynstânsjes.

Underwiis en soarch sille wer fan de boargers wêze moatte. Yn plak fan skaalfergrutting moat der krekt stribbe wurde nei skaalferlytsing. Yn de massa giet it yndividu ferlern en rekket fertize yn de burokrasy.

In sterker ferieningslibben mei in ryk ferskaat oan kultuer, benammen ek de regionale, kriget no te min omtinken. Sport, toaniel en muzyk bringt minsken byinoar en jout har it gefoel dat se der by hearre.

 

It hiele dokumint is nei te lêzen op http://www.osfractie.nl/osf/nieuws.html

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling