FNP Fryslân
Earste Keamer - Nijs

Fragen Earste Keamer oer stúdzje Frysk Grins

Ferset tsjin opheffen boazet oan

Kees de Lange   

Earste Keamerlid Kees de Lange (OSF) stelt op oanstean fan de FNP skriftlike fragen oer it ferdwinen fan de haadfakstúdzje Frysk oan de Ryksuniversiteit yn Grins (RUG). De SP en 50Plus yn de Earste Keamer hawwe har hjir by oansletten. Nei fragen út de Twadde Keamer wei liket it ferset tsjin it opheffen fan de ‘lytse Letteren' hjirmei fierder oan te boazjen.

  

Kees de Lange, OSF / FNP senator

 

Reaksje? Mail keesdelange@osf.nl of Annigje Toering, FNP wurdfierder Taal, Kultuer en Underwiis: a.toering-schuurmans@fryslan.nl

 

 

 

 

It yn stân hâlden fan de haadfakstúdzje Frysk yn Grins is troch it Ryk garandearre yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) fan 2001 tusken Ryk en Provinsje. Senator De Lange wiist yn de fragen oan de ministers Spies (BZK) en Van Bijsterveldt (OCW) op dizze ôfspraken. Hy is fan betinken dat it Frysk slim bedrige wurdt troch de resinte ûntwikkelingen lykas de desintralisaasje fan foech nei de ûnderwiisynstellingen, de besunigingen en it gearfoegjen fan lytse Letterenstúdzjes yn nije ‘algemiene' stúdzjerjochtingen.

 

De OSF wiist der lykas de FNP ek op dat it skrassen fan it Frysk op de Universiteit yn striid is mei it  Europeesk Hânfêst foar Lytse Talen en it Europeesk Ramtferdracht foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden. Behâld fan de haadfakstúdzje Frysk is essinsjeel foar de fierdere ûntwikkeling fan it Frysk, it taalbelied fan de Provinsje en de ferplichtings fan it Ryk oan Fryslân en Europa. Foar de studinten soe it skrassen fan it Frysk oan de RUG betsjutte dat der op gjin inkeld plak yn Nederlân mear in folweardige stúdzje yn de Twadde Rykstaal folge wurde kin. 


Oanhingsel(s):
OSF-SP-50Plus vragen studie Fries RUG
Antwoord kamervragen studie Fries RUG


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling