FNP Fryslân
Earste Keamer - Nijs

Keamerfragen OSF oer gasopbringsten Noardeast-Fryslân

Kompensaasje neidiel foar de regio op syn plak

Kees de Lange   

De OSF yn de Earste Keamer wol fan minister Verhagen witte oft hy in part fan de gasopbringsten út Noardeast-Fryslân yn in fûns foar de regio stoarte wol. Keamerlid Prof. Dr. Kees de Lange, dy't der ek foar de FNP sit, tinkt dat it Waadfûns as foarbyld tsjinje kin. Yn de keamerfragen is sprake fan 10% fan de gasbaten foar Fryslân / Dongeradiel.

 

 

Kees de Lange, OSF / FNP senator

 

Reaksje? Mail keesdelange@osf.nl of Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy en Finânsjes: s.posthumus@fryslan.nl

 

 

 

 

OSF senator Kees de Lange seit lykas de FNP dat in neidielkompensaasje foar de gaswinning yn de regio op syn plak is. De boaiem sakket ekstra troch de delfstofwinning. Hy wiist op aktuele leefberheidskwestjes lykas de takomst fan it sikehûs De Sionsberg en in nij gemaal by Lauwerseach, dy't om grutte ynvestearingen foar de Fryske mienskip freegje.

 

In nij yn te stellen fûns is neffens de OSF en de FNP de bêste wize om mei de gasbaten om te gean. Yn de hjoeddeistige sitewaasje ferdwine de opbringsten yn de rinnende begrutting fan it Ryksregear yn Den Haach. In fûns ûnder behear fan de regio liket in earliker wize om te soargjen dat al it jild net daliks útjûn wurdt mar duorsum rindemint opsmyt foar de Fryske mienskip. OSF en FNP wize der op dat it Waadfûns, dat ek mei gasopbringsten folle wurdt, in foarbyldwurking jout foar oare delfstofwinningsgebieten.

 

 


Oanhingsel(s):
Antwoord OSF kamervragen gasbaten
OSF kamervragen gasbaten


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling