FNP Fryslân
Earste Keamer - Nijs

OSF docht as ûnôfhinklike partij mei oan ferkiezings Earste Keamer

Gearwurking mei 50PLUS

OSF logo lyts   De OSF docht as ûnôfhinklike partij mei in eigen list mei oan de ferkiezings van de Earste Keamer op 23 maaie. Steatelid Kees de Lange fan 50PLUS yn Noard-Hollân wurdt listlûker.

 

By de provinsjale ferkiezings fan 2 maart hellen de by de OSF oansletten partijen net genôch sitten om meiinoar troch te gean mei de sit yn de Earste Keamer. Troch gearwurking mei de partij 50PLUS is it mooglik om de fisy fan de ûnôfhinklike provinsjale partijen dochs hearre te litten yn de Earste Keamer. De stimmen dy't de OSF tekoart komt, sil 50PLUS yn foarsjen. Oarsom set de OSF it Steatelid yn Noard-Hollân en fise-foarsitter fan 50PLUS, emeritus heechlearaar prof. dr. Kees de Lange, as nûmer ien op har kandidatelist.

 

De lêste wiken binne der yngeande petearen fierd mei alle belutsenen, wêrûnder de fertsjintwurdigers fan de provinsjale partijen. Ut in fergeliking fan de programma's fan de beide partijen docht bliken dat der aardich wat oerienkomsten binne yn de stânpunten. Dochs is de kar makke om as twa ûnôfhinklike en selsstannige partiijen yn de Earste Keamer te operearjen. Likegoed kin der yn de deistige wurksumheden gearwurke wurde.

 

Fierdere ynformaasje:

 

OSF       dr. J. van der Bij (foarsitter)

0515-559597 of 06-53 79 49 23

 

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling