FNP Fryslân
Earste Keamer - Nijs

FNP senator Ten Hoeve risiko foar kabinet-Rutte

Súkses OSF by Algemiene Skôgings yn Earste Keamer

 Hindrik ten Hoeve efteroer leunend lyts  

' Zou de regering maatregelen willen nemen om ons op reis te sturen met een Nederlands paspoort en niet met een document dat binnen de EU ook, met instemming van de regering, als Hollands paspoort kan worden gelezen? ' 

 

Hindrik ten Hoeve 

 

Reaksje? Mail h.hoeve3@chello.nl

 

 

'Senaat nu echt een risico voor Rutte' . Sa kopte it NRC juster nei de Algemiene Skôgings yn de Earste Keamer. FNP senator Hindrik ten Hoeve (OSF) soarge dat de opposysje in mearderheid krige by ferskate moasjes tsjin it nije kabinetsbelied. Dat wie nedich omdat de SGP net meistimde en dêrmei feitlik it gedoochkabinet mei de PVV stipet.

 

De OSF stipe it lege BTW-taryf foar bioskoop- en teaterkaartsjes en oare útstellen. Yn ruil krige in moasje oer de 'paspoartkwestje' fan Ten Hoeve unanime stipe fan alle oare partijen. Yn guon talen stiet no yn it paspoart 'Koninkrijk Holland'. Dat is perfoarst net korrekt neffens de senatoaren. De OSF-moasje freget om tenei yn alle talen de korrekte oantsjutting 'Koninkrijk der Nederlanden' te setten.

 

Fierder hat de minister-presidint tasein dat de formulieren foar ferkiezingen yn Fryslân ek Frysktalich makke wurde sille. It Ministearje fan Ynlânske Saken sil besykje om dat op tiid foar de steateferkiezingen klear te hawwen.


Oanhingsel(s):
NRC 08-12-2010 Senaat nu echt een risico voor Rutte
OSF algemiene skôgings 2010
OSF motie Koninkrijk Holland


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling