FNP Fryslân
Earste Keamer - Nijs

Hoe fierder mei Fryslân ?

Taspraak Hindrik ten Hoeve foar de Betinking op it Reaklif 25 septimber 2010

 Hindrik ten Hoeve efteroer leunend lyts  

' Stel je ris foar dat de oerheid bepale soe, dat it normale basisûnderwiis yn Fryslân trijetalich ûnderwiis is en dat it fuortset ûnderwiis yn de trije ûnderbouklassen wykliks twa of trije oeren Nederlânske taal én twa of trije oeren Fryske taal oanbiedt. Allinne mar dat! '

 

Hindrik ten Hoeve 

 

Reaksje? Mail h.hoeve3@chello.nl

 

 

Hjirûnder in gearfetting fan de taspraak fan Hindrik ten Hoeve op it Reaklif 25 septimber 2010. Underoan is de folsleine taspraak as *.PDF taheakke.

 

 

Hoe fierder mei Fryslân?                                                 

 

It Keninkryk der Nederlannen is yn beweging. Yn Nederlân binne de kiezers op drift en hoe lang oft in nij regear it úthâlde sil is ûnwis.

(...)

Fryslân hat gjin selsbeskikkingsrjocht. It hat gjin koloany west mar hat him yn 1580 frijwillich oansletten by de Uny fan Utert en hat sûnt dy tiid it lot fan de oare noardelike Nederlannen dielt. Dat wol benammen sizze: it hat yn de Frânske tiid syn soevereiniteit ferlern oan de Nederlânske ienheidssteat, de Bataafske Republyk en dêrnei it Keninkryk. In hiel oare posysje dus as de Karibyske eilannen. Mar ek Fryslân wurdt net beskôge as folslein gelyk oan de oare provinsjes. Der is ommers allerlei wetjouwing dy't yn de provinsje Fryslân de Fryske taal rjochten jout nêst de Nederlânske taal. It Frysk is twadde rykstaal en dêrom sil, as it Nederlânsk yn de Grûnwet opnommen wurdt as de offisjele taal, de "hoofdtaal", fan Nederlân, ek sa't liket it Frysk dêrby neamd wurde as troch de wet beskerme taal.

(...)

Dus, nee, hielendal gelyk oan alle oaren is Fryslân, en binne de Friezen, net. Mar de fraach is, oft dat, krekt as yn de Kariben ek steatkundige konsekwinsjes ha moat, en hokker,en wêrom dan krekt.

(...)

Mar it kin gjin kwea om goed dúdlik te meitsjen dat wy dêr nêst witte dat wy ék diel útmeitsje fan in oare mienskip dy't fanâlds "it Fryske folk" neamd wurdt, en dy't fanâlds wennet yn wat wy Fryslân neame. En dat wy dêroan it gefoel ûntliene mei-inoar Friezen te wêzen. En dat dát no is wat wy "Fryske identiteit" neame. Fansels, it is net mear as dat, want fierder binne wy gewoan Europeanen, mei ek noch wol wat oare identiteitsgefoelens, roomsk of protestantsk of read of blau of fyn of grou, of moslim, sokke dingen kleurje ús fansels like hurd. Mar, dy't himsels beskôgje wol as diel fan dy Fryske mienskip, dy't dy Fryske identiteit mei ús diele wol, dy kin der by hearre, ynklusyf al syn/har oare identiteiten. Foar it Fryske folk wurde grifformearden net bûtensletten en roomsken net, en ek moslims net.

(...)

Mar, is dat echt alles? Is it sa maklik om by it Fryske folk te hearren? Hoege jo der net bygl. Frysk foar prate te kinnen? Nee, my tinkt, fan net. De Eastfriezen ha har taal om 1500 hinne al ferlern, mar wolle har, soms noch folle fanatiker as de measten fan ús Westerlauwerske Friezen, al Frysk fiele. Gjin probleem, graach fansels, dy hearre dan ek by it Fryske folk. Foar Grinslanners, dy't ommers einliks yn krekt deselde posysje binne as de Eastfriezen, jildt fansels itselde. Allinne, se moatte it wol sels wolle, wy kinne se fansels net twinge. En foar guon hjirre, yn ús eigen fermidden, jildt ek itselde. Ek sûnder Frysk te praten kin je jin Fries fiele. Mar, foar alle dúdlikheid: dy't him/harsels in Fries neamt is him/har yn de regel wol bewust dat it Frysk de taal is dy't fanâlds by dit folk hearde en dy hat yn de regel ek de wil om dy taal te bewarjen. Wy hjirre yn elk gefal al, oft wy no Frysktalich of oarstalich binne.

(...) 

Ús Nederlânske oerheid erkent dat Fryslân mei syn taal, in gefal apart is. Dy erkenning leit fêst yn de twa Europeeske ferdraggen en yn wetjouwing en straks miskien ek de grûnwet. Mar fierder as erkenning komt it net. Want Nederlân is yngreven sintralistysk. Alles moat safolle mooglik gelyk, want, en dat klinkt hiel moai, elk moat yn dit lân deselde rjochten ha.

(...) 

Stel je ris foar dat de oerheid bepale soe, dat it normale basisûnderwiis yn Fryslân trijetalich ûnderwiis is en dat it fuortset ûnderwiis yn de trije ûnderbouklassen wykliks twa of trije oeren Nederlânske taal én twa of trije oeren Fryske taal oanbiedt. Allinne mar dat!

(...) 

Mar út himsels en binnen de Nederlânske wetjouwing komt dy feroaring net ta stân. Dêr is regeljouwing foar nedich troch in oerheid dy't it foech hat én dy't syn ferantwurdlikheid nimt. Want, de ferantwurdlikheid fan in oerheid is dôchs om der foar te soargjen dat it ûnderwiis de bern klear makket foar har plak yn de wrâld en yn har eigen mienskip. Dus ek der foar soarget de kultuer, skiednis en taal fan dy eigen mienskip bewust te meitsjen en dy oan te learen. Sadat de bern as folwoeksene dy kultuer ek wer oerdrage kinne. Dat is yn elke mienskip in sintrale ferantwurdlikheid fan de oerheid, en yn Fryslân mei syn komplekse taalsituaasje, is dat in dûbele ferantwurdlikheid.

(...) 

Kin dat no samar frege wurde fan de Nederlânske ienheidssteat? Ja. De provinsje Fryslân as steatkundige entiteit, hat net in formeel rjocht op selsbeskikking, mar it hat wol in aparte posysje as identiteitsdragend steatkundich ferbân foar dyjingen dy't harsels Friezen neame. Foar Friezen is it "it heitelân". Sa wurdt de provinsje ek troch oaren sjoen: Fryslân en Friezen, dat heart by elkoar, en net allinne mar as geografysk bepaalde begripen.

(...) 

Yn 2015 bestiet it Keninkryk der Nederlannen twahûndert jier. De nije struktuer fan it Keninkryk, mei de nije autonome lannen, is no, yn 2010, regele. Foar 2015 kin de kwestje Fryslân ek regele wêze. Dus: kommisje Hoekstra, sjit op en kom mei de goede analyse en de goede útstellen. Dan kinne wy yn de kommende twahûndert jier besykje Frysk te bliuwen, mei twa talen, as diel fan de Nederlannen en as diel fan Europa. Mar wol as in apart te ûnderskieden diel, op ús eigen manier, mei ús eigen ynstellingen, ús eigen foech en ús eigen maatregels. En iepen foar iderien dy't mei ús meiwurkje wol, sa't Fryslân altiten iepen west hat!


Oanhingsel(s):
Folsleine taspraak Hindrik ten Hoeve 25-09-10 Betinking Reaklif


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling