FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling

Fryslân: Earste Keamer easket better ferhaal fan Plasterk

Weryndielingsútstellen yn de kuolkast set

Kees de Lange   

Minister Plasterk (Ynlânske Saken, PvdA) moat mei in werskreaune fisy op de ynrjochting fan it iepenbier bestjoer komme. In moasje fan SP-senator Vliegenhart is mei in romme mearderheid oannommen. Oant der in fisy leit dy't besjen lije kin, behannelet de Earste Keamer gjin konkrete wetsútstellen.

 

Kees de Lange

OSF-Senator foar de FNP

 

Reaksje? Mail: keesdelange@osfractie.nl



 

 

Neiere analyse

De argumintaasje foar de opskaling fan gemeenten en provinsjes is yn de eagen fan de Earste Keamer ûnfoldwaande. Der moat in neiere analyse komme fan de útstellen ta bestjoerlike herfoarming op nasjonaal, provinsjaal en lokaal nivo, sa is tiisdei troch de Earste Keamer besletten. De moasje waard neist de  SP stipe troch CDA, de PVV, Grienlinks, de ChristenUnie, de SGP, de Partij voor de Dieren, 50Plus en de Onafhankelijke Senaatsfractie. Allinnich PvdA, VVD en D66 (35 fan de 75 sitten) stimden tsjin.

 

Gjin mearderheid

'Dit is een helder signaal aan de minister. De senaat vindt zijn verhaal niet sterk genoeg. Het huiswerk moet opnieuw', lit yntsjinner fan de moasje Arjan Vliegenthart yn in skriftlike reaksje witte. Neffens him wit de minister dêrmei syn plak. 'Voor zijn huidige plannen is geen meerderheid in de Eerste Kamer, terwijl de instemming van de Eerste Kamer wel nodig is. Alle reden voor Plasterk om bij zichzelf te rade gaan over nut, noodzaak en maatschappelijk draagvlak voor steeds grotere gemeenten en provincies.'

 

Krityk

Plasterk waard ein foarich jier troch de Earste Keamer troch de (SP)motie Kox aan het huiswerk set. De fisy dêr't doe om frege waard sjit yn de eagen fan de Senaat slim tekoart. Ek yn gemeente- en provinsjelân wie der daliks nei it ferskinen fan it stik  'Bestuur in Samenhang' krityk.

 

 

Boarne: Binnenlands Bestuur 3 july 2013



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling