FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling

Ferwerderadiel: Fragen fan de referindumkommisje

Op fersyk fan de referindumkommisje binne der 6 fragen wer't wy antwurd op jouwe. It is de bedoeling dat dy yn it SSN komme, mei it antwurd fan de ferskillende fraksjes.

 

 

Fraach1 .Welke voordelen ziet u in een herindeling van de gem. Fer. met andere gemeenten?

In weryndieling fan Ferwerderadiel mei oare gemeenten ta ien grutte gemeente kin foardielen ha. It ryk skoot hieltyd mear taken nei de gemeente ôf. Wy kinne dat allegear sels net dwaan en wurde noch kwetsberder as no.

Oant no ta wurken wy gear mei ferskillende gemeenten om ús hinne. Dat wurdt yn de takomst net makliker:

a.    Omdat der yn Fryslân as gefolch fan weryndieling grutte gemeenten ûntsteane en it noch mar de fraach is at dy ree binne om ús der troch te skuorren.

b.      Omdat ryk en provinsje oanstjoere om foar alle gefallen deselde gearwurkingspartners te sykjen. Noch leaver sjogge hja in fúzje.

c.    It kin ek in foardiel wêze dat in grutte gemeente mear mooglikheden foar spesjalisaasje yn it amtlik apparaat hat.

 

Fraach 2. Welke nadelen ziet u in een herindeling van de gem. Fer.  met andere gemeenten?

Wy ha no in lytse oersichtlike gemeente. It bestjoer komt by in weryndieling fierder fan de minsken ôf te stean.

It belied moat oanpast wurde by oare gemeenten, yn ‘e praktyk sil dat de grutste grutste wurde. Dit kin gefolgen ha foar ús foarsjenningen.

Wy ha no in yn ferhâlding lyts tal amtners dy't fan inoar witte wat se by de ein ha. It foardiel fan de by fraach 1 neamde spesjalisaasje kin dus ek in neidiel wurde at de spesjalist der net is.

It gefaar fan mear burokratsy, der sille mear "tuskenlagen" komme, sawol op bestjoerlik as amtlik mêd.

Yn de praktyk wurde yn fierwei de measte gefallen de ferwachte finansjele foardielen fan fúzjes op allerhanne gebiet net helle.

 

Fraach 3. Welke voordelen ziet u in het zelfstandig blijven van de gem. Fer. door intensievere samenwerking met andere gemeenten?

Wy ha oan't no ta mei ferskillende gemeenten, wêr ûnder de Noardeastlike, goed gearwurkje kinnen. Dat sil dus as fêst gearwurkingsferbân of amtlike fúzje ek wol slagje.

Mei in amtlike fúzje kombinearje wy de foardielen fan grutter amtlik apparaat mei de foardielen fan in selsstanigge oersichtlike gemeente.

 

Fraach 4. Welke nadelen ziet u in het zelfstandig blijven van de gem. Fer. door intensievere samenwerking met andere gemeenten?

In neidiel kin wêze dat de oanstjoering fan dat amtlik apparaat troch mear gemeenten dien wurdt.

 

Fraach 5. Wanneer is het referendum voor u geslaagd?

At der in útslach út komt dêr't wy wat mei kinne om in ferantwurde definityf beslút te nimmen.

 

Fraach 6.Wat wilt u de kiesgerechtigde inwoners van de gem Fer. nog meegeven voor dat zij hun stem uitbrengen bij het raadplegend referendum?

Beantwurdzje ek fraach 2 fan it referindum.

Hâld der rekken mei dat wy mei it nimmen fan in definityf beslút, net allinne rekken hâlde moatte mei de útkomst fan it referindum, mar ek mei oare omstannichheden.

De provinsje spilet hjir ek in wichtige rol, en oan't no ta hat dy witte litten dat se foar in weryndieling mei Noardeast binne.

Dongeradiel en Kollumerlân hawwe ek foarkar foar in fúzje en Dantumadiel hat noch gjin útspraak dien.

Hoe't Ljouwert oer in heale of hiele weryndieling mei Ferwerderadiel tinkt is net bekind.

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling