FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling

Littenseradiel: Jiergearkomste oer weryndieling

Fraksje en leden yn konklaaf op 3-april 2013

In moai groepke Fnp-ers wiene nei Easterlittens reizge foar dizze wichtige gearkomste. De FNP is in partij dy't graach fan ûnderen op wurket en de fraksje hat ferlet fan ús stipe en advys. Mei-inoar neitinke en beslisse.

 

Sprekkers


Fraksjelid Welmoed vd Werf-Talsma joech de ôftraap mei in goed oersjoch fan de ynhâld fan it weryndielingsproses oant no ta. Se lei de leden foar om ris te praten oer


a. it  kolleezje-útstel foar de doarpepetearen : Opsplitse want it kin net oars

b selsstannich bliuwe, want de neidielen fan skaalfergrutting binne net om ‘e nocht. 

c. útstel beslissing oer weryndieling oant nei de riedsferkiezings yn maart 2014.


Fnp-fraksjefoarsitter yn Súdwest-Fryslân, Sicco Rypma,  fertelde wat hoe't dy grutte SWF der kommen is en it probleem no om as riedslid fet krije te krijen op de gong fan saken yn de nije gemeente. In protte is ûndúdlik nim allinne it tal amtners al.  
Joh. Dykstra
, âld-foarsitter fan de ôfdieling Wûnseradiel, ferhelle fan de eufory fan net-fnp-riedsleden by it ûntstean fan SWF en warskôge foar de tunnelfisy by bestjoerders fan it soarte grutter is better . Foar ferset tsjin de weryndieling sille hiele goede arguminten ynbrocht wurde moatte


Diskusje


Soe der noch romte wêze foar weryndieling as in tema yn de riedsferkiezings fan 2014 ?  Lyk as yn de doarpepetearen gie de diskusje hieltyd wer tusken de beswieren tsjin weryndieling (taal en kultuer, kosten, bestjoer op ôfstân) en de strategyske kar fan it sil wol net oars kinne en de buorgemeenten dogge it ek. Ús mem soe wol sizze : As oaren yn'e feart springe dochsto it dan ek?   Omdat sawol fan weryndieling as fan net-weryndieling yn de hjoeddeiske situaasje de konsekwinsjes (kultureel, demokratysk, finansjeel, ekonomysk)  op  gjin stikken nei bekend binne, liedt soks ta ûnwissichheid yn de beslútfoarming. It liedt ta  in patstelling en sa te sjen nei in ûnomkearbere situaasje as mei Súdwest-Fryslân.


Efkes neiswylje


Der bestiet gjin ûnderboude blaudruk fan in optimale  gemeentegrutte yn in tinbefolke provinsje mei noch in eigen, ûnder druk steande taal (en kultuer). Bekend is dat boppe de 50.00 ynwenners de neidielen fan skaalgrutte foar de lokale demokrasy de oerhân krije.  Mei it each op it tal ynwenners yn frij lykweardige nije gemeenten as De Fryske Marren en ek Noardwest , Opsterlân en Achtkarspelen leit in fúzje Boalsert, Wûnseradiel en Littenseradiel (Greidhoeke-gemeente ) foar de hân. In te grutte gemeente SWF kin no ek yn normaal farwetter komme. De SW-gemeente  noch grutter meitsje mei in part fan Littenseradiel is gjin oplossing foar in demokratyske lokale oerheid yn it Fryske. It probleem is dat de pommeranten, dy't ferantwurdlik binne foar de ûnberoaide skaalfergruttingsprosessen yn ús provinsje, harren no stil hâlde ynstee fan better rezjy fiere.   


Likemin as de rapporten, dy't laat ha ta de nije SWH,  is it kolleezje-útstel fan B&W fan Littenseradiel ta opsplitsing ûnderboud. It binne ynskattings- en gefoelsarguminten  (op himsels neat mis mei) op grûn fan taktysk en strategysk tinken, benammen no't provinsje en buorgemeenten harren meisûge litte yn skaalfergrutting. Ik hie wolris in finansjeel-ekonomysk berekkening (jild, tal amtners en harren kwaliteit, problematyk, sizzenskip ensfh) en de gefolgen op kultureel mêd (bygelyks fersterking fan it brûken fan it Frysk as earste taal)  sjen wollen fan bygelyks Littenseradiel  as ûnderdiel fan in gemeente as de Greidhoeke. Maatwurk dus. Dan hie der ek in echte diskusje komme kinne oer wat te kiezen. Al hoe goed de doarpepetearen ek west ha de minsken moasten te seil gean op wat nei foaren brocht waard en dat wie: Spitich, mar it kin net oars.


Oer hoe tsjinstridich berjochtjouwing oer weryndieling wêze kin, wie yn it FD fan 17 april te lêzen. Yn it iene berjocht kaam de meidieling dat - yn tsjinstelling mei eardere ûndersiken -fusearjen fan gemeenten goedkeaper wie as gearwurking en ek dat it bestjoer no wol ticht by de minsken bleau. It advysburo hie ek de gemeente Súdwest-Fryslân yn dat ûndersyk behelle. In side fierder waard boargemaster Apotheker fan de gemeente oanhelle, dy't klage oer it feit no minder jild te krijen nei weryndieling. Sûnder  it misrûne jild fan de eardere 5 gemeenten  soe it no te djoere (!!!!) wyk- en doarpebelied fan de nije gemeente net mear oerein hâlden wurde kinne. Ja, sa ha wy de hichte fansels. Dus dôchs de boel beduvele! Bezint eer gij begint!


Weryndieling is in soap op basis fan te min bestjoerskreft by ryk (maatwurk yn in provinsje as Fryslân) en de  provinsje sels (gjin saakkundige rezjy) . Hoe komt it mei de (Fryske ) spulwike fan Littenseradiel ? Of meie de bern fan Jorwert nei weryndieling meidwaan oan de ‘eerste echte (Hollândse) spelweek fan de gemeente Leeuwarden'? Tijdens deze spelweek zal het Nederlands de voertaal zijn ook voor alle kinderen uit de plattelandsgebieden. Gebieden tot voor kort behorend tot  enkele weinig bestuurskrachtige gemeenten en die nog onlangs hun toevlucht tot onze gemeente hebben gezocht. Je kunt in alle redelijkheid van de kinderen uit de stad niet vragen, dat ze met het Fries in aanraking komen. Het gaat om optimale communicatie en binding in onze vooruitstrevende gemeente.  


Tom Dykstra                                                                                                                                         

Itens,  april 2013



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling