FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling

Fryslân: FNP: Europeeske stipe foar takomst Fryslân

Tsjin healwize plannen Plasterk foar provinsjale fusy

 efa diversity  

De FNP komt yn april op in kongres fan de Europarlemintspartij EFA yn Súd Tirol mei in resolúsje om Fryslân as ien bestjoerlike ienheid te hâlden. Fierder wurdt Europeeske stipe frege dat Fryslân syn finansjele reserves fan € 1,2 miljard hâlde mei en sels beslute kin oer syn eigen ynkomsten en útjeften. Mei de stipe fan de EFA en 40 politike partijen út hiel Europa wol de FNP it Nederlânske regear ta ferantwurding roppe. Ek de Twadde en Earste Keamer wurde oproppen om it belied fan minister Plasterk oangeande Fryslân te feroardieljen.

 

Neffens de FNP binne de plannen fan it nije Haachske kabinet ‘healwiis' en ûntbrekt elk draachflak foar it opheffen fan de provinsje Fryslân. Ôfrûne moandei kamen de nijste sifers fan in opinypeiling fan EenVandaag nei bûten. Doe waard bekend makke dat sawat 80% fan de Fryske befolking in fúzje fan Fryslân mei oare provinsjes in ‘min plan' fynt en 81% fan miening is dat Fryslân in sadanige identiteit hat dat in weryndieling mei oare provinsjes útsluten wurde moat. De FNP wol krekt mear foech en beliedsfrijheid foar Fryslân. Boppedat is der ek gjin bestjoerlike of finansjele needsaak om de provinsje Fryslân op te heffen. Krekt it bestjoer, de Steaten fan Fryslân, is de bêste boarch foar it fuortbestean fan it Frysk eigene en de kânsen dy't dat biedt.

 

It opgean yn in saneamd ‘lânsdiel Noard' sil betsjutte dat de ynwenners fan Fryslân folle minder te sizzen krije en dat minder rekken hâlden wurdt mei wat de Friezen wolle. Dêrom wol de FNP krekt dat it bestjoer tichter by de boargers komt te lizzen ynstee fan fierder wei. Yn hiel Europa krije regio's mear sizzenskip, it wurdt tiid dat ek Nederlân in omslach makket. Mei mear autonomy foar Fryslân wurdt ek de ekonomy sterker stimulearre, sa hat wittenskiplik ûndersyk útwiisd. 

 

De resolúsje is in sterk sinjaal dat de miening en de rjochten fan ynwenners fan Fryslân  serieus nommen wurde moatte. De FNP freget yn de resolúsje ek dat de EFA-fraksje yn it Europeesk parlemint aksje ûndernimt om der op oan te trunen dat Nederlân as EU-lidsteat har oan de Europeeske ferdraggen hâlde moat. In fúzje nei in lânsdiel noard sil ommers te'n koste gean fan de Fryske taal en kultuer en dat is yn striid mei ferskate troch Nederlân ûnderskreaune Europeeske ferdraggen. De FNP is fan betinken dat Nederlân syn ôfspraken mei Europa nei komme moat.

 

De EFA (http://www.e-f-a.org/) is mei 7 Europarlemintariërs fertsjintwurdige yn it Europeesk parlemint. Totaal hat de partij 40 lidorganisaasjes út 16 EU-lidsteaten, mei yn totaal sa'n 3.000 folksfertsjintwurdigers op EU, steats- regionaal- en lokaal nivo. De lêste jierren wienen de konferinsjes yn Bilbao (2007), Mallorca (2008), Barselona (2009), Fenetië (2010), de Aland eilannen (2011) en Ljouwert (2012). Dit jier dus yn Súd Tirol. 

 

 

Foar mear ynformaasje oer dit berjocht kin kontakt opnommen wurde mei Douwe Bijlsma (foarsitter EFA-kommisje FNP), 06 - 48586069 of Sybren Posthumus, bestjoerslid fan 'e EFA, 06 - 30226684.

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling