FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling

Frjentsjerteradiel: Gaos yn Fryslân

Wêr binne wy mei dwaande mei it weryndielingsferhaal?

Jan Dijkstra  Koart nei de ferkiezings fan 2010 waarden we as rie fan Frjentsjerteradiel konfrontearre mei plannen fan it kolleezje om as gemeente te fusearjen mei omlizzende gemeenten. Mei de PvdA foarop naam ús gemeente it foartou om mei faasje te kommen ta in nije grutte gemeente Noardwest Fryslân. As FNP wiene we oerfallen troch dizze stappen, mar woene graach posityf meitinke oer in mooglik nij yn te rjochtsjen gemeente. Mar dan wol op in manier dêr't de boarger by belutsen wurdt, nei foarsjoen te wêzen fan needsaak en gefolgen. En sjoen nei regio's dy't elkoar fersterkje kinne, los fan besteande grinzen as dat nedich is. De measte partijen yn ús gemeente hiene dêr lykwols gjin boadskip oan en woene mei gong trochsette, sûnder dat dúdlik wie hoe as ús ynwenners, mar ek ús buorlju der oer tochten.

 

We hawwe ynstimd mei de ambysje om te kommen ta in sterke gemeente yn Noardwst Fryslân, los fan omfang, foarm en ynrjochting. De mearderheid hie doe al in fúzje mei omlizzende gemeenten foar eagen, neffens it model optocht troch in kommisje fan wizen. In lytse enkête waard genôch achte foar de ynwenners. It plan fan de kommisje fan wizen is net folle mear fan oer. Littenseradiel is ôfheakke en drok dwaande mei in yntern proses mei har ynwenners, wurdt net earder as 2018. Harns wist it lange tiid noch net, mar fielt him twongen ta oanheakjen by Noardwest. Is dat de juste ynstek kin men him ôffreegje? Sjoen de bestjoerskultuur dêr liket it boppedat noch net fuort in fersterking foar de nije gemeente. Harns sels is net hastich, wol ek wol nei 2018. Menameradiel hat lang fokusse op in plattelânsgemeente mei Frjentsjer en it Bildt. It Bildt wachtet wat der om him hinne bart. Ljouwerteradiel sil grif ôfheakje nei it hâlden referindum en mooglik nei Ljouwert gean, ek 2018. Dat jiertal komt ek yn byld by Ferwerderadiel. Koartsein allegear ûndúdlikens by ús buorlju. Wêrom moat Frjentsjerteradiel dan no as in blyn hynder trochdrave, sûnder te witten hoe as der om ús hinne besletten wurdt. In fyzje op de útgongspunten foar de kommende gemeente ûntbrekt sa folslein

 

In foarnimmen ta fúzje moat breed droegen wurde troch alle belutsen partijen, foaral troch boargers, dan troch gemeenterieden en troch kolleezjes." Binne de kolleezjes fan de fjouwer gemeenten net by steat om mei-inoar in tiidpaad út te setten, dat troch elk droegen wurdt? Wat betsjut soks foar de gearwurking yn de takomst? In proses om ta fúzje te kommen is foaral ek in saak fan fertrouwen. Hat it kolleezje fan Frjentsjerteradiel dêr wol foldwaande oer neitocht? Is it net saak om nei de simmer de fjouwer gemeenterieden byinoar te roppen en dêr rjochting te jaan oan it proses. 2016 is dochs al net mear helber. Set in stevige koers út nei in stabiele gemeente NW Fryslân per 1 jannewaris 2018. Oan sa'n proses wurket de FNP graach mei en wol dêr ek graach har enerzjy foar ynsette. Tsjin de GAOS dy't no ûntstiet sizze wy nee!

 

Jan Dijkstra

Fraksjefoarsitter FNP Frjentsjerteradiel



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling