FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling

Littenseradiel: Doarpepetear oer weryndieling jannewaris –maart 2013

Yn 23 doarpen wurdt yn de earste moannen fan 2013 in ynformaasje- en diskusjejûn belein oer it útstel fan B&W ta opheffing fan de gemeente Littenseradiel.

Draachflak

Yn 23 doarpen wurdt yn de earste moannen fan 2013 in ynformaasje- en diskusjejûn belein oer it  útstel fan B&W ta  opheffing  fan de gemeente Littenseradiel.

In goed en hast unyk inisjatyf as jo sjogge nei hoe't it giet en gien is yn guon buorgemeenten by de beslútfoarming oer wol of net weryndieling. De doarpepetearen slute net allinne goed oan by de  FNP-polityk  fan-ûnderen-op, mar foldocht ek oan in hast fergetten rykskritearium fan foldwaande draachflak by weryndieling. Lykwols in bettere proseduere foar draachflak wol spitigernôch net sizze dat der dan ek in better resultaat ûntstiet. De desintralisaasjeplannen (besunigings)  wurde no mar al te graach as argumint brûkt om op te skalen, wylst de neidielen foar it funksjonearjen fan de lokale demokrasy yn it algemien en de bedriging foar de dochs al kwetsbere ynfrastruktuer foar it Frysk grut binne. Allinne de pommeranten makket soks neat út; Rutte en Samson smite der noch mar ris 100.000 ynwenners oer hinne en BZK-minister Plasterk wol alles út 'e  kast helje om gemeenten grutter te krijen.

Eksperimint Súdwest-Fryslân

Wie de útslach fan de doarpetearen yn 2008 oer de takomst fan Littenseradiel noch selsstannich bliuwe, nei de druk fan de provinsje Fryslân om te kommen ta grutte gemeenten en de nije gemeente Súdwest-Fryslân is selsstannigens neffens it kolleezje en de gemeenteried fan ús gemeente gjin opsje mear. Hoewol't it ministearje fan BZK yn it beliedsramt (2002) opnommen hie, dat der draachflak foar opskaling wêze moast ferdwûn dit útgongspunt al gau-eftich efter de kym troch it opskalingsgeweld by de buorlju: Littenseradiel hie eins gjin besteansrjocht mear.  It argumint fan ‘lyts hat te min bestjoerskrêft' feroare stadichoan nei ‘lyts nimme wy net langer serieus'. Ynterne kolonisaasje dus. Yn in demokrasy heart in minderheid ek rjocht fan sprekken te hawwen, mar troch it ûndemokratysk hanneljen fan in grutte gemeenten as Súdwest-Fryslân wurdt in gemeente as Littenseradiel twongen himsels op te heffen. Kear op kear fertelt boargemaster Liemburg dan ek dat de gemeente yn de petearen mei bygelyks buorman Snits net deselde stim (=macht) hat. As ik guon stikken ûnder eagen krij  is it al gau in ferhâlding fan 1 op 3 . En dit allegear yn it ‘demokratyske' Nederlân. It liket Egypte wol mei de Broederschap.                                                                                                                                                     

No hat de Twadde Keamer by de foarming fan de nije gemeente SWF bepaald, dat der yn 2013 in evaluaasje komme moat. Dy taseine evaluaasje fan it "eksperiment Súdwest-Fryslân", sa as VVD-ster frou Jorritsma (VNG) okkerdeis by Pauw en Witteman sei,  is der noch net. Mar Littenseradiel is alfêst dwaande him op te heffen. Mei tsjinsin dat wol, mar needsaaklik yn de hjoeddeiske praktyk. De provinsje Fryslân hie hjir de taak om in goede rezjy te fieren,  mar spitigernôch miste dy doe en no bestjoerskrêft yn dit stik fan saken: te let en ferkearde riejouwers.


Neidielen

Oer de neidielen fan opskaling kinne wy koart wêze:


1. De provinsje Fryslân en ek it ryk (gjin foech nei Brussel) argumintearje sels tsjin opskaling fanwegen identiteit en foech. Mei in gemeente as Littenseradiel is it net oars. Skaalfergrutting pakt altyd negatyf foar it Frysk út, omdat yn in grutter gehiel it brûken fan it Frysk gjin fanselssprekkendheid is (Meldkeamer 112, lânbou-organisaasjes, skoalbestjoeren,ensfh. De 'Overeenkomst inzake Friese taalbeleid' fan de nije gemeente SWF jout  bygelyks al  genôch swierrichheden by útfiering, omdat tsjinstanners op papier bêst wat ôfprate wolle , mat it moat gjin realiteit wurde.   


  De ambysje om de posysje fan it Frysk te fersterkjen mei troch opskaling net fersteurd wurde. 


2. It ryk desintralisearret in tal taken en kombinearret dit mei flink (op dy taken ) te besunigjen. In gemeente as L. soe dy taken net oan kinne. De griffy soe benammen mear amtners fan heger nivo ha moatte en soks soe de gemeente net betelje kinne. Binne grutter gemeenten bestjoerskrêftiger? Undersyk hat oantoand dat it net goedkeaper is en ek dat de burokrasy tanimt en it bestjoer mear op ôfstân komt. Fryslân is yn ferliking mei de rânestêd tinbefolke mei in protte kearnen. Der moat dus hiel wat ekstra ynvestearre (kosten) wurde om de linen koart en oersichtlik te hâlden. Dêrmei wurde de doarpen yn Littenseradiel ek paaid. De gong fan saken yn SWF jout dan ek soarch en in laach amtners moast om finansjele reden dan ek ferdwine.


- In taak  as ‘Jeugdzorg' bygelyks wie by de provinsje en kin ek better by de provinsje bliuwe. Yn sa'n tinbefolke gebiet is it ûnsin en om de jongereinsoarch troch eltse gemeente no apart wer útfine  en bekostigje te litten. As Amsterdam dit bygelyks leaver hat, moat Littenseradiel yn in totaal oare situaasje it dan ek? Net foar neat dat prof. Elzinga it ‘onaanvaardbaar, fûn om by desintralisaasje gjin differinsjaasje ta te passen. Maatwurk dus en gjin unifoarme regel. Desintralisaasje is krekt bedoeld om better maatwurk leverje te kinnen.


3. De demokratyske legitimiteit soe mei al dy gearwurkingsferbannen min wêze. No hinget soks ôf fan hoe't de ôfspraken makke wurde. Fergetten wurdt meast te neamen dat ek grutte gemeenten gearwurkingsferbannen ha en soe de demokratyske legitimiteit dan net jilde? Belutsenheid by de lokale polityk komt ûnder druk as it belied abstrakt wurdt en de minsken har  dêrtroch werom lûke op eigen, persoanlik belang en it algemien belang fan de mienskip farre litte. Boppedat - hoefolle riedsleden sille noch út Littenseradiel yn de gemeenteried fan Ljouwert of Snits sitte om echt de belangen fan dit gebiet te behertigjen? It is korrekt dat gearwurkingsferbannen de demokratyske kontrôle útholje kinne, mar dêr is skaalfergrutting gjin oplossing foar. Wy seagen dit ek al gau yn  de gemeente SWF mei it sluten fan foarsjennings bûten Snits sûnder goed oerlis mei de belutsen ynstânsjes.. De demokrasy wurdt krekt  útholle troch it foech  bûten it gebiet te lizzen. It is net foar neat dat guon partijen yn de  Twadde Keamer tsjin it ôfstean fan foech nei Brussel binne.


4. By it ferparten fan Littenseradiel giet in sosjologyske wetmjittichheid yn wurking dat it sintrum (Snits, Ljouwert) saken nei him tahellet en de rânegebieten ekonomyks-sosjaal-kultureel it karakter krije fan wingewest. Heechweardige wurkgelegenheid ferdwynt mei alle gefolgen foar it funksjonearjen fan de mienskip. Skoallen bygelyks kinne net mear konkurrearje mei de rânestêd-CITO-skôres, omdat der in ferbân is tusken oplieding fan âlden en skoalresultaten fan de bern. It Frysk sil ek no de skuld krije (taalachterstand) en noch fûleiniger sil op sa jong mooglike leeftyd de bern it Hollânsk bybrocht wurde. De krimp fan de befolking sil sa stimulearre wurde en de brain-drain tanimme.


In gemeente de Greidhoeke


 Ûndersyk hat oanjûn as foar- en neidielen fan opskaling tsjin inoar ôfwage wurde gemeenten net in  ynwennertal fan boppe de  50.000 ynwenners ha moatte.  As de provinsje net sa ûnberoaid de rezjy yn de hiele weryndielingsdiskusje (earst fan- ûnderen-op,  dan fan boppen- ôf ) útfierd hie dan hie in te grutte SWF mei 80.0000 ynwenners der net kommen sûnder it gehiel fan in provinsje tsjin it ljocht te hâlden. En moatte wy dy no noch grutter meitsje? Kommissaris Jorritsma sei by de ynstallaasje fan boargemaster Gerbrandy yn Achtkarspelen dat it kabinetsútstel fan 100.000 ynwenners yn in tinbefolke Fryslân gjin opsje wie.                                                                                                                 

Oan in twongen weryndieling is neffens boargemaster Liemburg net te ûntkommen, omdat  ek sûnder de nije desintralisaasje-taken Littenseradiel gjin takomst hat (te min heech oplate amtners?; te min saakkundige riedsleden?; te min demokrasy yn de Fryske ferhâldings?).                               

In better alternatyf nei ôfwaging fan alle feiten is in splitsing fan Súdwest- Fryslân yn súd en west. Mei (rûchwei) de âlde gemeentes Boalsert en Wûnseradiel soe Littenseradiel in goede plattelânsgemeente yn de Greidhoeke wêze. No wit ik bêst dat Wûnseradiel it in tal jierren heech yn ‘e holle hie en fan Snits gouden bergen ferwachte en gjin ferkearing mei Littenseradiel woe. Mar dit is ek al oars as ik goed harkje nei wat der no sein wurdt.


 De FNP en weryndieling?


Nee. It punt is dat de neidielen yn de beslútfoarming fan ryk en provinsje gjin rol spylje. Sels wolle se net opskale mei krekt deselde arguminten. Dus as de FNP krityske fragen steld en net fuortendaliks ja seit dan ha wy oan ryk en provinsje goede foarbylden.  En sis no sels ek nei weryndieling sil der noch wol bôle op ‘e tafel komme? Mooglik dat it Frysk wat earder net mear brûkt wurde mei en dat it Iepenloftspul fan Jorwert wat earder ophâldt, "maar och een  kniesoor die daar op let!"

Th. Dykstra



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling