FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling

Kollumerlân: Oer in pear jier gjin Kollumerlân mear

Tongersdei 13 desimber waard yn de gemeenteried fan Kollumerlân c.a. in wichtich beslút naam: mei tolve stimmen foar (CDA, VVD, PvdA en CU) en de trije stimmen fan de FNP riedsleden tsjin, waard it útstel stel fan it kolleezje oangeande in ’Intentieverklaring’ om, sûnder tuskenstappen, te kommen ta in fúzje mei Dantumadiel, Dongeradiel en Ferwerderadiel, goedkart.

Dêrmei is yn myn betinken, nei miskien wol 1350 jier, in streep helle troch it bestean fan de gemeente Kollumerlân c.a. Nei ôfrin wienen der noch riedsleden dy't dizze miening net dielden, neffens harren moat it 'echte' beslút om te fusearjen noch komme en kin der noch fan alles barre. It sil sa wêze, yn myn eagen kinne de riedsleden dy't no foarstimd ha dan net werom. Lit my it sa sizze: de doar foar in selsstannich Kollumerlân stiet noch op in kier. Eins is der yn de ried net iens sa'n grutte diskusje west oer dit agindapunt; allinne Christen Unie hie skynber muoite mei it stânpunt fan de FNP. Wurdfierder Douwe Keegstra krige der sels ‘'onderbuik gevoelens'' fan. De oare partijen wiene ek net wiis mei de miening fan de fraksje fan de FNP mar koene dy opstelling dôchs respektearje. Al yn de kommisje waard dúdlik dat in mearderheid fan de fyftsjin riedsleden foar dit kolleezjestânpunt wie, mei as reade trie yn de mieningen dat Kollumerlân as lytse gemeente gjin rjocht fan bestean mear hat sjoen datjinge wat allegearre op ús ôf komt fan Den Haach út. In oar punt wie de ekonomyske ûntwikkeling fan Noardeastfryslân; yn in grutter gehiel soe dat better wêze en soe it gebiet sterker stean. Ien en oar wie ûndersocht troch it buro Partners en Pröpper. In ûndersyk dêr't de FNP yn it begjin fan 2012 ek foar wie. Yn dit ûndersyk waard fan trije mooglikheden út gien: rezjygemeente, gearwurking of fúzje. Yn in rapport fan fyftich siden kamen de ûndersikers ta de konklúzje dat daliks in fúzje de bêste oplossing foar Kollumerlân is. Die konklúzje gie de fraksje fan de FNP no krekt in stap te fier. Wêrom earst net in gearwurking tusken de gemeenten en komme dêr positive resulltaten út dan kin altyd noch fierder wurke wurde oan in fúzje. Dy ynstek wie der by de (skaad)fraksje fan de FNP en ek by in grut diel fan de leden.

De FNP hat dus tsjin stimt mei derby in stimferklearing: dat er by it fierdere ferrin fan dizze ûntwikkelingen op in posityf krityske wize meitocht en meipraat wurde sil, en wol sa dat we it bêste der foar ús boargers úthelje kinne.

Fansels is it dan wichtich om te witten wat foar tiidspaad der oan in fúzje sit. Dat is noch net dúdlik. At it allegearre posityf is yn de oare gemeenten, Dantumadiel en Ferwerderadiel, (Dongeradiel hat him al ienriedich útsprutsen foar in fúzje) dan soe it 1 jannewaris 2015 wêze kinne. Bynammen yn Dantumadiel sil dat noch in hiele toer wurde. In twadde opsje is dan 1 jannewaris 2017. Ôfwachtsje dus.

Foarearst geane we fierder mei de deistige dingen yn Kollumerlân en dat hâldt ús as riedsleden de kommende tiid wol yn beweging.

 

Wieger Rekker, fraksjefoarsitter          



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling