FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling

Littenseradiel: Weryndieling , in oare kant.

As bestjoer wolle wy de diskusje oer in mooglike opheffing fan Littenseradiel - nei oanlieding fan de útstellen fan B&W - wat mear djipgong jaan, omdat neffens ús de diskusje tefolle basearre is op it Calimero-effekt: Zij zijn groot en wij zijn klein..

Guon wolle  úthâlde  dat de weryndielingsgolf yn ús provinsje in kwestje is fan ûnderen-op.  De minsken  soenen ynsjen dat it sa net langer kin. Dochs is dit net wier. De stjit ta weryndieling is krekt  by it ryk begûn en wol benammen yn de rûnten fan de VVD . Troch desintralisaasje fan rykstaken soe better maatwurk levere wurde kinne. Mochten gemeenten dan fine dat dizze taken harren net pasten dan soe weryndieling in prima oplossing biede:  goedkeaper, effisjinter en demokratysker.  Soks allegear beflapt ûnder de term bestjoerskrêft. Dit ideaal brocht immen yn it Rûntepetear oer weryndieling  dan ek safier, dat er it praat oer in pear kilometer fierder te riden by it opheljen fan in nij paspoart mar geëamel fûn. Wat in foarútgong yn it sicht!!!

 

De situaasje

 

In tal jierren tebek wie der by it ryk de gedachte om gemeenten in tal taken op ‘e lea te skowen mei as doel dy better op maat  útfiere te kinnen. Boppedat siet der ek in besunigingsdoelstelling efter, mar dêr waard net lûd oer praat. Ek yn de plannen fan it kabinet Rutte-2  soenen 95 % fan de gemeenten yn dit lân yn in weryndielingstrajekt moatte mei as doel gemeenten fan in 100.000 ynwenners.  Gemeenten wurde sa topswier makke en jo hearre der neat fan dat it jild foar de oerstallige ryksamtners yn De Haach  no nei de gemeenten giet.                                                       

Neffens D66 -man Pechtold , kampioen as it giet om weryndieling - binne tal gemeenten op stjerren nei dea en moatte se binnen 2 jier opskaald wêze. Hy seit der net by of it wol sa ferstannich is om taken sa as WMO, Jeugdzorg , Werk naar Vermogen en de AWB Z  by eltse gemeenten oer it sket te smiten.  Professor Elzinga fan de RUG , heechlearaar steatsrjocht, neamt it earder dan ek ‘onaanvaardbaar ‘ as net rekken hâlden wurdt mei de grutte fan gemeenten . Fryslân is in tinbefolke gebiet , hiel wat oars  as yn de Rânestêd . In hiele provinsje as Fryslân hat al minder ynwenners as in gemeente Amsterdam.                                                                                                                                                              

Troch iensidich bedriuwsmjittige analyzes (gemeenten soenen  in  te swak amtnerskorps ha foar alle  taskode rykstaken )  ta te passen wurdt it bestjoer fan gemeenten troch it ryk twongen  om troch skaalfergrutting op ôfstân te funksjonearjen.  Dit  proses fan politike eroazje hollet de gemeentelike demokrasy  út neffens ús.  Want wat is de minimale besetting fan de griffy om it wurk oan te kinnen?  Pas mei in grutte fan 100.000 ynwenners? Mei tank oan VVD en PvdA!  

In  grutte gemeente as Súdwest-Fryslân (yn oerflakte de grutste yn Nederlân mei 69 kearnen en 82.000 ynwenners) koe der komme, omdat de provinsje (earst) gjin regy fierde en gjin oanwizings joech hoe de befolking it bêste  te rieplachtsjen.  Sa gie it gemeentebestjoer fan Littenseradiel  de doarpen by del, mar in oare gemeente folstie mei in stikmannich  praatjûnen. De frege rapporten fan saakkundigen  wienen lykwols fol lof oer  in weryndieling yn de Súdwesthoeke sûnder ek mar kritysk nei de folsleine problematyk te sjen: Geweldig dat jullie zo'n sterke en daadkrachtige gemeente willen!.                                                                                                                                                                                 Amper Amper de skrik te boppe - ek foar de measte ynwenners fan de te fusearjen gemeente- kaam  it befel fan deputearre Schokker  dat de gemeente Littenseradiel mei de noardwestlike gemeenten de lange hier oangean moast. Neat gjin betingst om de befolking  te rieplachtsjen, mar gelokkich tocht it kolleezje fan B&W yn Wommels dêr oars oer. Yn de kommende doarpepetearen fan 2013 kinne de boargers har sechje dwaan oer it útstel fan it kolleezje  om no de gemeente op te heffen en  (yn parten) ûnder te bringen by buorgemeenten, dêr't ús ynwenners it meast foar  de boadskippen hinne reizgje (fersoargingsgebieten).                                                                                                                                                                         

De foarnommen desintralisaasje fan  taken  nei gemeenten hat de  politike kaart fan Fryslân sa feroare , dat  twa jier nei  de strategyske fysje In eigen Lûd  it kolleezje fan B&W fan Littenseradiel  de holle yn de skutte leit  en oanjout  dat in eigen lûd gjin opsje mear is.  It brike is dat it ryk sels gjin foech oan Brussel  (EU) ôfstean wol en  de provinsje Fryslân tsjin opskaling is yn in Noordelijk landsdeel  op grûn fan fierhinne  deselde arguminten, dy't in gemeente net brûke mei.

 

Goedkeaper        

 

Binne fusearre gemeenten goedkeaper út?

In tal  wittenskiplike ûndersiken ha oantoand dat soks net it gefal is. Nei in pear jier binne de lêsten foar de boarger heger as foarhinne. Dit komt net allinne troch de kosten fan weryndieling , mar ek troch mear burokrasy . Der komme yn ferhâlding mear amtners om yn in grutter gehiel de boel op oarder te hâlden. Net foar neat dat boargemaster Apotheker fan  de fusearre gemeente Súdwest-Fryslân  de kommende jierren de  soarch foar in sûn plattelân as de grutste útdaging  (=probleem) sjocht. Earder hat yn de krante stien dat in earst optúgde  tuskenlaach fan amtners (bestjoerskrêft!) wer fuorthelle is fanwegen in miljoenetekoart. De te fusearjen gemeente De Fryske Marren hat ek te krijen mei fikse besunigings. No meie gruttere gemeenten djoerder út wêze as de kwaliteit dan ek mar better is. Alle waar naar zijn geld!                                                                                                                                                                                                                                                             Mar Mar dat is yn dit gefal  mar de fraach en ûndersyk hat in hegere kwaliteit noch net daliks oantoand. Boppedat : Wat fersteane wy ûnder kwaliteit?  Der binne gjin objektive standerts foar kwaliteit, omdat oer in protte taken polityk hiel ferskillend tocht wurde kin.                                                                    

Kwaliteit mei jild kostje, mar is weryndieling dan daliks it bêste middel ta kwaliteitsferbettering?  Oer alternativen wurdt net praat. Weryndieling liket troch it opskipe reitsjen  mei  rykstaken langer wat mear in doel  te wurden. Yn sa'n filosofy docht it der ek net mear ta oft in gemeente wol  kwaliteit hat en bêst mei de sinten útkomt.  It hat ús bygelyks  fernuvere dat krekt in grutte en bestjoerskrêftige (??)  buorgemeente as Súdwest-Fryslân it kabinet in brânbrief stjoerd  hat oer de útfiering fan de wet WMO.  De grutte fan de gemeente makket sa te sjen net út , want  by de buorman  binne ek foarsjennings  as miljeustrjitten, swimbaden en bibleteken  tema's om op te besunigjen.

 

Effisjinter

 

Effisjint hat te krijen mei  it doelmjittich omgean mei  jild en minsken. It past yn in bedriuwsmjittige analyze dy't útgiet fan ien fan de rollen (taken) dy't in gemeente hat nammentlik tsjinstferliening. Oare rollen binne:

beliedsûntwikkeling  foar foarsjennings (1), tafersjoch op útfiering fan taken (2), lokale demokrasy mei in aktive gemeenteried(3) en partner yn it oparbeidzjen mei (partikuliere)  ynstellings  en oare oerheden.(4)     

                                                                                                                      

Yn de desintralisaasjediskusje  komt it amtnersapparaat sintraal te stean.  Der soenen mear en heger oplate amtners by komme moatte. In ‘lytse 'gemeente sil soks net betelje kinne.  Boppedat kin yn grutte gemeente  mear as ien amtner op deselde funksje beneamd wurdt, omdat de gemeente oars te kwetsber is.  As der straks immen  fan in ôfdieling siik (!!) wurdt ,  dan kin in kollega it moai oernimme .                                                                                                                                                                      

Aardich betocht mar yn ‘e  praktyk wurket soks minder goed, omdat jo gjin ekstra minsken op ‘e  leanlist ha , dy't net har eigen taken ha. By skaalfergrutting yn it ûnderwiis wie it net oars.

Mar troch skaalfergrutting  wurde de linen mei boargers en bedriuwen komplekser en it belied abstrakter.  It is hast net te dwaan om mei safolle doarpen en buorskippen rekken te hâlden sa as dit oars wie. Gefolch is dat der mear koördinearre wurde moat en dat kost jild.  It is mei de skuld fan de provinsje , dat der net oare alternativen yn de diskusje brocht binne , dy't mooglik effisjinter binne as  gemeenten  te twingen ta weryndieling.  It rapport fan de' Wize mannen ‘striele dan ek gjin wysheid út , mar wie sûnder ynhâldlike ûnderbouwing in pleidoai  foar in tal grutte gemeenten.                                    

Oare oplossings hawwe  net serieus yn diskusje west sa as :                                                                                                                                                                   

1. Al dy niisneamde rykstaken ûnderbringe  by de  provinsje  Fryslân. Foar de takomst fan de provinsje as ferantwurdlike oerheid foar it Frysk hie dit better west. De provinsje ferswakket sa syn posysje yn de diskusje oer it Noordelijk Landsdeel  troch oan te stean op rigoereuze gemeentelike weryndieling.  It is boppedat de fraach oft it wol sa effisjint is om yn ús provinsje mei sa'n soad lytse kearnen  elke gemeente apart it tsjil útfine te litten by nije taken as WMO en Jeugdsoarch bygelyks.  Desintralisaasje fan rykstaken hat as doel beliedsmjittich maatwurk te leverjen, mar troch de  skaalfergrutting komt dit útgongspunt ûnder druk te stean.

 

2. In oare goede oplossing foar effisjint wurkjen hie west dat de provinsje soarge hie foar in groep kwalifisearre amtners dy't de griffy's (tydlik) bystean koenen as it giet om nije , drege beliedsfjlden. Yn de agraryske sektor is AB-Fryslân in goed foarbyld om jo bedriuw hâlde te kinnen sûnder daliks op skaalfergrutting oer te gean.  Sa'n oanpak is folle goedkeaper en  effisjinter, omdat de gemeentelike ynfrastruktuer (polityk, sosjaal, ekonomysk)  net ferdwine  

hoecht mei ferlies oan wurkgelegenheid en kapitaalferneatiging . De linen mei boarger en bedriuwen bliuwe dan koart.  

As de gemeente it dan noch net rêde kin dan kin der altyd noch nei weryndieling sjoen wurde.    

 

3. De mooglikheid om gearwurking mei oare gemeenten te fersterkjen waard net as opsje meinaam, omdat de demokratyske kontrôle dan te dizenich wêze soe. No ha  grutte gemeenten , ek dy  boppe de 100.00 ynwenners, likegoed gearwurkingsferbannen , dus  hoe komt it dan mei de demokrasy?  As  gearwurkingsferbannen net útsletten binne,   wolle wy dêrfoar it gemeentebestjoer (tichteby en leechdrompelich)  op ôfstân sette? Nei skaalfergrutting  wurde beslissings  oer eigen gebiet en foarsjennings ommers  hieltyd fierder fuort (oer ús) nommen. It plattelân wurdt dan hieltyd mear in rânegebiet mei negative gefolgen  foar hâlding  en ferantwurdlikheidsgefoel fan de ynwenners. "Se dogge mar!"  

 

Bestjoerskrêft

 

Tefolle is by bestjoerskrêft sjoen nei de amtners (moatte dy har skamje of op kursus?)  en net nei de politike kaart.  Bestjoerskrêft hat yn it foarste plak te krijen mei de ynfloed fan de boarger , de bloei fan de lokale demokrasy. Troch it proses fan globalisearring  ûntstiet yn ús tiid in beweging fan mear omtinken foar eigen gea en ‘roots'. Tink yn dit ferbân oan de grutte belangstelling foar it okkerdeis útkommen boek oer de Greidhoeke.  Oan de oare kant spilet in tsjinbeweging fan  yndividualisearring  it mienskipstinken (it algemien belang) net yn 'e kaart. Troch weryndieling  sille ynwenners  earder de lokale polityk de rêch takeare en soks hat  ynstee fan  fersterking in ferswakking fan sizzenskip oer eigen saken ta gefolch.  

De foarbylden fan skaalfergrutting yn it ûnderwiis (Amarantis!)  en wenningboukoöperaasjes (spekulearje en hege salarissen) jouwe no krekt oan hoe't soks maklik gean kin. It hoecht net sa te gean, mar wa wol noch riedslid of wethâlder wurde yn sa'n grutte gemeente ? Fêst wol in  tal managers dy't mear each hawwe sille foar eigen belangen en status as de belangen fan de boargers.

 

De doarpepetearen yn 2013  

 

In ideale grutte fan in gemeente bestiet net. Gemeenten oant in 50.000 ynwenners is eins de hals neffens in ûndersyk op dit mêd. It grutter meitsjen fan  gemeenten  is net daliks in fersterking fan de gemeentlike demokrasy. Ek de saneamde foardielen fan de hjirfoar neamde bedriuwsmjittige aspekten  binne net spikerhurd.

Foar it Frysk is skaalfergrutting altyd skealik, omdat op papier fan alles tasein wurdt mar de praktyk oars is. Tink oan de Meldkeamer 112, de Keamer fan Keaphannel  en koartlyn wat de steatssiktaris sei oer de posysje fan Omrop Fryslân yn de nije Mediawet en gean sa mar troch.

Yn de doarpetearen mei it gemeentebestjoer (2013) sil it gean moatte oer de eigen identiteit en sizzenskip oer eigen gebiet en mienskip. It soe in positive kar wurde moatte en net in negativen -ien, omdat de buorlju sa grut wurden binne (it Calimero-effekt).                                                                                                                                                                        

Yn de útstellen fan B&W foar de petearen  wurdt as ien fan de mooglikheden foarlein  om as gemeente  yn syn gehiel of foar in part oansluting te sykjen mei al tige grutte gemeenten as Súdwest-Fryslân, Ljouwert of de te foarmjen Noardwest-gemeente. Eins is in definitive beslissing op de kommende doarpejûnen oer oansluting by ien fan de 3 neamde buorgemeenten prematuer. It evaluaasje-ûndersyk fan Súdwest -Fryslân is der noch net ,  Ljouwert sit noch yn in weryndielingstrajekt  mei Boarnsterhim en de Noardwest-gemeente bestiet noch net iens. Wat soenen dy gemeenten biede kinne?  Mear wissichheid oer de foarsjennings? 

Yn de Twadde Keamer is yn 2010 by de diskusje oer Súdwest de moasje Heijen oannommen,

dêr't  de regearing yn frege wurdt: ‘in 2013 in overleg met de nieuw te vormen gemeente en de provincie Fryslân het functioneren van deze gemeente te evalueren en hierover aan de Kamer te rapporteren'. 

Soe de evaluaasje fan Súdwest negatyf útpakke  en Littenseradiel soe himsels dochs opheffe wolle, dan is in gaadlik alternatyf it opsplitsen fan Súdwest-Fryslan yn ‘Súd ‘(Snits en Wybritseradiel mei in stik fan Boarnsterhim) en ‘West' (Boalsert, Wûnseradiel en Littenseradiel). ‘ West'  soe in net al te grutte plattelânsgemeente yn de Greidhoeke wurde kinne.  Net te grut en ek net te lyts mei foar it Boalserter stedhûs de âlde bestimming werom.  Beter ten  halve gekeerd dan ten hele gedwaald.

 

It bestjoer winsket in elts in protte wysheid ta by in beslissing oer de takomst fan ús gemeente en syn ynwenners en wiist der op dat yn oare maatskiplike sektoaren skaalfergrutting al lang gjin hite hei mear is. Tefolle wurdt  op skaalfergrutting wedde , wylst ek taken nei in hegere oerheid brocht wurde kinne as dizze de skaal fan de legere oerheid te boppe gean.

 

Fine jo it ek wichtich dat de oare kant fan it ferhaal beljochte wurdt? Tink en praat mei . Jo reaksje is  wolkom  op bestjoer@fnp-littenseradiel.nl  of 0515-331868 /058-2519633.

 

Bestjoer FNP-Littenseradiel ,                                                                                                                                                                         Itens, desimber 2012

 

 

   



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling