FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling

Frjentsjerteradiel: FNP en weryndieling

Wy lizze graach út hoe as wy steane yn it weryndielingsferhaal. Yn ús program stiet "weryndieling alline as ús boargers der better fan wurde en der ek mei ynstimme".
Jan Dijkstra skreau in ynstjoerd stik:


 

Koart nei de ferkiezings fan 2010 waarden wy as rie konfrontearre mei plannen fan it kolleezje om as gemeente Frjentsjerteradiel te fusearjen mei omlizzende gemeenten. Foarnaamste redenen soene wêze dat der in protte drege taken op ús ôfkomme, de finansjes op oarder bliuwe moatte en we ‘besjoerskrêftich' wurde moatte. Benammen de opstelling fan kolleezjepartij Gemeentebelang foel op, om't dy oant dan ta altyd foar gearwurking mei oare gemeenten west hie. Der stie neat yn harren ferkiezingsprogramma oer in gruttere gemeente. Mar dit stik giet der net oer wat wy tinke dat Gemeentebelang dwaan moat, mar hoe as wy der sels yn steane.

 

De FNP hat yn har ferkiezingsprogram stean: "weryndieling allinne as ús boargers der better fan wurde en der ek mei ynstimme. Foar de FNP binne gemeentegrinzen net hillich - mar wol in gemeente dy't te oersjen is en dêr't it gemeentebestjoer noch in gesicht hat". Wy ha fanôf it begjin fan de diskusje dúdlik makke dat wy wolle dat ús ynwenners har útsprekke kinne oer sa'n grut beslút. Mar dan wol nei't se alle foar- en neidielen fan in weryndieling of oare foarmen fan oanpassing fan de gemeente, objektyf útlein krigen hawwe. Mei oare wurden as jo it dogge, doch it dan nei goede ôfweaging, mei de juste arguminten en mei ynstimming fan de ynwenners. Yn de eagen de FNP binne ferkiezings dêr it beste ynstrumint foar. En as dat net slagget om wat foar reden dan ek, dan kin jo it yn de foarm fan in referindum foarlizze oan de boarger. Lykwols, de mearderheid fan de rie hat dêr net foar keazen. Under oanfiering fan de PvdA sette it kolleezje der op yn dat we mei ús omlizzende gemeenten koste wat it koste foar 1-1-2015 opgien binne yn in grutte gemeente Noard-west Fryslân, In belangryk argumint sa waard ús foarhâlden, wie in finansjele. Mar neffens de FNP bestiet der gjin relaasje tusken de omfang fan in gemeente en de finansjele sûnens.

 

De FNP hat ynstimt mei de ambysje om te kommen ta in bestjoerskrêftige gemeente, mar pas neidat de yn ús eagen ferkearde argumentaasje dêrfan loskeppele wie. Hoe as dy gemeente der útsjen soe en hoe grut de omfang wurde moast stie dêrby perfoarst net fêst. De FNP is net tsjin op oanpassing fan de gemeentegrinzen, as blykt dat we dêr mei syn allen better fan wurde. Wy tinke wol dat de ôfstân tusken de boarger en it gemeentebestjoer grutter wurde sil en dat fine wy net winsklik. Wy sjogge ek dat it, seker yn it earste desennium in protte jild kostje sil en bestjoerlike ûngemakken. Wy ha ek altyd oanjûn dat de datum 1-1-2015 foar ús net hillich is. Leaver wol oerweage en goed, dan hastich en heal.

 

Der is in ferkennend ûndersyk ynstelt. Wy woene yfloed op dat ûndersyk, wat sizze oer skaalgrutte, it belûken fan de boargers by it proses, de finansjes yn kaart bringe ensf. De mearderheid wie dêr net foar en woe mei faasje fjierder, sûnder folle ynfloed op it proses. Om de ynwenners der dochs by te belûken, wetlik foarskrift, hat it kolleezje in enkête hâlden en mei in lyts tal ynwenners sprutsen. Dit is net wat de FNP ûnder ynspraak ferstiet en dêr ha wy dus tsjin stimt.

 

De FNP is net tsjin weryndieling, mar dan mei heldere arguminten en oan de hân fan de miening fan ús ynwenners. Gemeentebelang hie grif genôch oan in ienmalige grutte adfertinsje, wy net. It docht bliken dat de gemeenten om ús hinne ek noch net allegearre safier binne. Dus oft we de datum 1 jannewaris 2015 helje is noch mar de fraach. Wy tinke net dat dit helber is en bliuwe fan betinken dat dit in ûnderwerp wêze moat by de ferkiezings fan 2014. Dan kinne de ynwenners harren útsprekke. Undertusken bliuwe wy ús as FNP Frjentsjerteradiel konsekwint en konstruktyf opstellen.

 

Jan Dijkstra

Fraksjefoarsitter FNP Frjentsjerteradiel

Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling