FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling

Littenseradiel: FNP stimt yn mei trajekt weryndieling Littenseradiel

Yn de riedsfergadering fan 16 july 2012 hat de FNP fraksje ynstimd mei it riedsfoarstel om fierder te gean mei trajekt weryndieling Littenseradiel, werom??

Yn de riedsfergadering fan 16 july 2012 hat de FNP fraksje  ynstimd mei it riedsfoarstel om fierder te gean mei de petearen oer de amtlike en bestjoerlike takomst fan ús gemeente Littenseradiel mei de gemeenten Ljouwert, Súdwest Fryslân en mooglik Noardwest Fryslân. Dizze petearen binne rjochte op in fúzje, úterlik 1 jannewaris 2018.

 

It wie in pynlik beslút dochs hat de FNP ynstimd mei dit foarstel. Wêrom?

 

De FNP Littenseradiel hat har altyd dúdlik útsprutsen foar lytsskalichheid, de minslike maat, werkenbere bestjoerders dy't witte wat der spilet yn de gemeente en foar  koarte linen nei kolleezje en amtners.

Dit útgongspunt past neffens de FNP by de aard en skaal fan ús plattelânsgemeente mei 29 relatyf lytse kearnen, ungefear 11.000 ynwenners en in opperflak fan 13.000 hektare. In gemeente mei in ryk kultureel klimaat sawol op it mêd fan de histoarje as op it mêd fan toaniel, keunst en muzyk. Mei doarpen dêr't it mienskipslibben ta syn rjocht komt en in protte frijwilligers har ynsette foar tal fan aktiviteiten. In gemeente dêr't de Fryske taal noch in lykweardige posysje hat en foar fol oansjoen wurdt. In gemeente (it griene hert fan Fryslân) om grutsk op te wêzen.

 

Mar...... de wrâld om ús hinne feroaret.

 

Gemeenten wurken yn it ferline altyd al gear mei oare gemeenten om har taken better en effisjinter útfiere te kinnen. Jierren ferlyn barde dit yn Littenseradiel, yn goede harmony, mei û.o. de gemeenten Boalsert en Wûnseradiel.  De trend wie lykwols  "hoe grutter hoe better" en sa ûntstie de gemeente Súdwest Fryslân, mei mear as  80.000 ynwenners en wat opperflak oangiet  de grutste fan hiel Nederlân.

Ek de gemeentebestjoeren fan  Boalsert en Wûnseradiel wienen fan betinken dat hja yn dy grutte gemeente Súdwest Fryslân better út wienen. De gearwurkingsferbannen fan eartiids, foaral mei lykweardige partners, binne feroare. Wy hawwe te krijen mei oare machtsferhâldings mei as gefolch dat Littenseradiel yn dy gearwurkingsferbannen mear en mear allinne komt te stean. Faaks is der al sprake fan in ynkeapsituaasje wêrtroch je dochs foar it grutste part meigeane yn it belied fan dy grutte gemeente. 

No 't ek de provinsje út needsaak belied ûntwikkelt om gemeenten grutter te meitsjen û.o. om  it machtslykwicht tusken gemeenten yn de hân te hâlden, komt de posysje fan in lytse gemeente as Littenseradiel hieltyd mear yn de knipe.

 

Wienen der dan gjin oare opsjes?

 

De FNP hie graach de mooglikheid noch ûndersykje  wollen fan de saneamde Ten Boer -konstruksje. In gemeente bliuwt dan selsstannich, mar de útfierende taken wurde ûnderbrocht by in gruttere gemeente (sa as de gemeente Ten Boer mei de stêd Grins).

Mar de buorgemeenten woenen hjir net oan meiwurkje.  As it politike en bestjoerlike lânskip der op in stuit sa hinne leit dan is it saak om je eigen útgongspunten opnij te oerwaagjen mei it each op in reële takomst foar it bestjoeren fan ús gemeente. 

 

Yn de riedsgearkomste fan 16 july hie ús fraksje mei in politike realiteit te krijen, dêr ‘t  wy net om hinne koenen. Graach hienen wy foarôf de boargers by  dit prinsipebeslút belûke wollen , mar  hjirfoar wie gjin  draachflak yn de gemeenteried. Foar de FNP wie der doe gjin oare opsje mear as, yn earste ynstânsje, meigean yn  dizze ûntwikkeling mar wol mei in krityske hâlding. De FNP sil der goed wach op wêze dat de kearnwearden fan ús moaie gemeente bewarre bliuwe.

 

FNP-Fraksje   Littenseradiel

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling