FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling

Fryslân: Problemen grûnbelied oplosse foar weryndieling

Boarger finansjeel sûne gemeente de dupe ?

 Sybren 2011 lyts  

Boargers fan finansjeel sûne lytse gemeenten meie net bliede om de finânsjes yn de stedsgemeenten op oarder te bringen. De FNP wol it oersjoch hawwe fan de risiko's mei it grûnbelied fan de gemeenten, dat ein 2011 al tasein wie. Dat freget de FNP yn nije skriftlike fragen oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Finânsjes

 

Reaksje? Mail s.posthumus@fryslan.nl

 

 

 

De FNP sjocht dat de foarsjenningen fan earder finansjeel sûne lytse gemeenten ûnder druk komme te stean nei weryndieling. Ek sjogge wy ûnderwilens dat de OZB en oare lesten meastentiids nei de tiid bot omheech geane. Minsken hawwe it gefoel dat se by in weryndieling opdraaie foar de tekoarten fan in grutte buorgemeente, dy't feroarsake binne troch de oankeap fan fiersten te folle bougrûn.

 

FNP wurdfierder Sybren Posthumus freget him ôf oft gemeenten no weromskrilje sille om te fusearjen mei gemeenten mei in grut tekoart troch it grûnbelied. De Provinsje hat wetlik tafersjoch op de finânsjes fan de gemeenten, ek yn ferbân mei de weryndieling. Hy freget oan it Kolleezje hoe't der soarge wurdt dat de finansjele problemen mei it grûnbelied fan It Hearrenfean, Ljouwert en oare plakken oplost wurde foar de weryndieling.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling