FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling

Ljouwerteradiel: Skriuwen FNP Ljouwerteradiel oan DS

Reaksje op de definitive winsk fan Deputearre Steaten fan Fryslân oangeande de bestjoerlike ynrjochting fan Noard-Fryslân.

14 desimber 2011

Provinsjaal Bestjoer komt mei in fisy oer gemeentlike yndieling Noard-Fryslân.

Yn it brief fan it Provinsjale Bestjoer oan de gemeenten yn Noard-Fryslân dringe DS oan op in skriftlik antwurd fan de oanbelangjende gemeenten om dat foar 1 april 2012 te dwaan.

Men jout ek oan dat der "petearen" komme sille mei Súdeast-Fryslân en de Waadeilannen.

No't wy wat fierder yn'e tiid binne kin men grutte fraachtekens sette by de aginda fan Deputearre Steaten fan Fryslân.

Elke gemeente giet der op in wize mei om wêrfan sy tinkt dat it goed is foar de takomst en sy lit har net liede troch itjinge DS har mei twang oplizze wol.

 

21 maaie 2012

Deputearre Steaten komme mei in reaksje op de ynlevere brieven fan de gemeenten yn Noard-Fryslân.

It docht bliken dat DS alhiel gjin boadskip hat oan de arguminten dy't ferskate gemeenten brûke om te kommen ta in ferantwurd fuortsterkjen fan it Fryske plattelân.

(Ljouwert wie gjin ûnderdiel fan de fisy fan DS op 14 desimber 2011; Ljouwert hat skynber in "status aparte" yn Fryslân en mei de reaksje fan 21 maaie docht Ljouwert ynienen al mei???)

Yn harren reaksje nimme Deputearre Steaten ôfstân fan it lanlike beliedskader "Beleidskader Gemeentelijke Herindeling" fan july 2011 en hja nimme ek ôfstân fan it brief fan Minister Spies fan 29 maart 2012 "Betreffende Gemeentelijke Herindeling".

Fan oerlis mei de gemeenten, ferwurde yn de moasje-Heijnen fan 15 april 2010, is alhiel gjin sprake want út de beäntwurding fan de ferskate gemeenten docht bliken dat der fan "een zo mogelijke gezamenlijke visie op de bestuurlijke inrichting" neat oerbleaun is.

 

Posysje Deputearre Steaten

Nei al it boppeneamde krije wy yn Ljouwerteradiel wol in "unheimisch gefühl" by de opstelling fan Deputearre Steaten.

Wannear de demokratyske aspekten oer weryndieling oer board nukt wurde dan mei elke boarger him/har te rjochte ôffreegje yn hokker ieu wy no libje want as de boarger ek al fan ûndergeskikt belang wurdt wat stiet ús dan noch mear te wachtsjen fan sa'n kolleezje fan DS.

De offisjele aginda fan DS oan'e hân fan "het rapport van wijzen" mei as kop "meer burger en minder bestuur" krijt in enoarme opduvel troch DS want harren fisy is no blykber: "Geen burger en geen bestuur".

 

 

Fanôf no kinne wy stelle dat DS in oare aginda hantearret.

It docht bliken dat it fuortsterkjen fan bestjoerlik Fryslân ophongen is oan de swakke posysje fan Ljouwert en dat it harren allinnich begûn is om de stêd Ljouwert.

It is foar Ljouwert hiel ferfelend dat in part fan Littenseradiel nei Ljouwert ta wol en dat it gemeentebestjoer fan Littenseradiel soks ek ûndersykje wol.

Ljouwert hat gjin ferlet fan Littenseradiel mar wol ús gemeente anneksearje omdat dat folle mear opsmyt (in komplete/kompakte gemeente).

Ljouwert moat Littenseradiel berjocht jaan dat sy harren net hawwe wolle; mar dat is wol dreech út te lizzen yn De Haach; it iene plattelân net en it oare plattelân wol.

Fandêr dat DS no ek op foarhân al mei in reaksje komt want dan is de oandacht net langer by it antwurd fan Ljouwert oan Littenseradiel.

 

Posysje Ljouwerteradiel

De gemeenteried fan Ljouwerteradiel hat yn maart in amendemint oannommen dat der nei in ûndersyk foar in fúzje yn Noardwest Fryslân der ek in ûndersyk nei Ljouwert dyn wurde sil want dan kin de boarger fan ús gemeente him uterje dy't passend is yn in demokrasy.

Us momint derby binne de ferkiezings fan 2014 lykas ek bart is yn 1994.

It kommende jier soe brûkt wurde om maatskiplik draachflak te kreëaren omdat der oant no ta noch gjin inkel gemeentlik draachflakûndersyk west hat.

Foar DS is de demokratyske wurkwize fan ús gemeente net fan belang want ús moaie plattelânsgemeente sil en moat fan de kaart fage wurde en moat anneksearre wurde troch Ljouwert yn it belang fan dat selde Ljouwert.

Yn har úteringen hat de gemeente Ljouwert har net bot ynteressearre toant yn de aard, foarsjennings en ferletten fan de mienskip fan Ljouwerteradiel. Jimmer is der spile mei de kaart fan machtspolityk dy't sa werkenber is fan it gemeentebestjoer fan Ljouwert.

 

Ljouwert moat elk jier holpen wurde mei ekstra jild út De Haach omdat Ljouwert te boek stiet as in sosjaal-swakke gemeente. (48% ekstra jild út it gemeentefûns boppe it lanlike gemiddelde)

Hoelang soe De Haach dit noch gedoge?

Dit is ien fan de redenen werom as DS harren sa ynspanne om Ljouwert te geriven (as gast hawwe jo no ienris ferplichtingen oan de gasthear no?).

De boargemaster fan Ljouwert is koartlyn nei De Haach west om te sjen hoe gau as ús gemeente noch anneksearre wurde kin troch syn gemeente.

It antwurd hjirop is oernommen troch DS yn harren definitive fisy fan 21 maaie 2012 en wol ha dat wy noch tagelyk mei Boarnsterhim yn Ljouwert opgeane.

 

De FNP Ljouwerteradiel freget jimme dit by de earst mooglike gelegenheid  op de wurklist fan de Steaten te setten  en te besprekken.

 

 

Stiens, 1 juny 2012

 

FNP-Ljouwerteradiel

 

Folkert Dykstra (riedslid)                     

Jan Willem Tuininga (riedslid)                                

Harm Hansma  (riedslid)                                      

Jaap Keizer (wethâlder)

 

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling