FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling

FNP: toansetting rapport weryndieling kontraproduktyf

Lokaal draachflak wichtiger as bestjoerlik plaatsje

Annigje Toering 2012 05   

De stevige toansetting fan it nijste provinsjale rapport oer de weryndieling fan Noard-Fryslân wurket kontraproduktyf. It liket net langer om lokaal draachflak te gean mar om tiidsdruk en in bestjoerlik plaatsje ‘fan boppe ôf'. Dat stelt de steatefraksje fan de FNP yn skriftlike fragen oan deputearre Schokker.

 

Annigje Toering, wurdfierder bestjoerlike saken

 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmans@fryslan.nl

 

  

De FNP wiist op de krityske publike en bestjoerlike reaksjes op de nijste provinsjale weryndielingsfisy. Troch guon wurdt it driigjen mei negative advizen en de tiidsdruk sjoen as in twingende yngreep fan boppe ôf. De FNP is fûl tsjin dizze wurkwize. Spierballetaal past neffens de FNP net by de rol fan regisseur dy't de Provinsje op him nommen hat yn in proses dat sa gefoelich leit.

 

Neffens wurdfierder Annigje Toering binne de rjochtlinen fan it Ryk noch hieltyd dat der lokaal draachflak wêze moat: ‘Wy hawwe yn it Fryske koalysje-akkoart opnommen dat foar de ynwenners helder makke wurde moat wat de winst fan in weryndieling is. It foarnimmen moat ek oantoanber op brede stipe fan de befolking rekkenje kinne. No liket it krekt as telt allinnich noch it sa gau mooglik bewurkjen fan de ideale regionaal-bestjoerlike konstellaasje'.

 

De FNP stelt fêst dat de tiidsdruk dwersferkeard wurket op gemeenten dy't noch midden yn it hifkjen fan it lokale draachflak sitte. ‘De bestjoerders fiele har ûnder druk set en de boargers tinke dat meipraten gjin sin mear hat omdat it bûten har om allegear allang beslist is. Dat is perfoarst net wier; de gemeenterieden binne no allegear oan set om mei in sterk eigen ferhaal te kommen.' Neffens Toering lykje oare wizen om de bestjoerlike kwaliteit fan de gemeenten te ferbetterjen, lykas gearwurking alhiel út byld te reitsjen. Se wol witte oft it noch wol om bestjoerskrêft giet of allinnich noch om weryndieling.

 

Klik hjir nei de antwurden fan it Kolleezje

 

Taheakke: FNP skriftlike fragen bestjoerskrêft



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling