FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling

Littenseradiel: Weryndieling as Haarlimmer oalje!

By âlds hienen de lju altyd Haarlimmeroalje yn ‘e hûs. Neffens harren in probaat middel tsjin in protte sykten en kwalen

Hjoeddei wurdt dit' medisyn' troch de dokters net mear oanrikkemandearre. Troch ûnderfining en de stân fan de medyske wittenskip ha wy it betrouwen yn dit middel ferlern. Haarlimmeroalje is ferfongen troch oare en mear spesifike medisinen foar beskate krupsjes. Jo soenen sizze kinne dat wy yn ‘e sûnenssoarch no mear ‘op maat' wurkje.

Dit kin net sein wurde as it giet oer de gefolgen fan desintralisaasje fan rykstaken. De oerheid (benammen de provinsje), bepaalde politike partijen en saakkundigen binne oertsjûge dat it middel fan de weryndieling eins allinnich it bêste medisyn is tsjin de gefolgen fan mear taken. Neat gjin oare, mear spesifike oplossings foar de lokale bestjoerslaach bygelyks mei stipe fan de provinsje. It biedwurd ‘grutter is better' wurdt,  krekt as de Haarlimmeroalje doe,  brûkt foar alle saken, dy't it ryk de gemeenten  op it boardsje leit. Weryndieling is no gjin oplossing ‘op maat', mar gewoan in doel. Dêrfandinne ek de fanselssprekkendheid fan weryndieling yn it advys fan de wize lju "Mear boarger, minder bestjoer". De provinsje beliedt mei de mûle dat de gemeenten sels beslisse oer wol of net  weryndiele.  Mar as in gemeente it yn ‘e  holle krije soe om mei in net passend útstel te kommen dan sil dat útstel mei in negatyf advys fan de provinsje rjochting Den Haach gean.

Yn de parse wurdt dizze hâlding fan de provinsje stipe troch sûnder mear oan te jaan dat de nije gemeente Noard-west der komt. Sa seit Piet Hemminga yn syn op himsels kritysk artikel  oer weryndieling yn  de LC fan 28 jannewaris sûnder bewiis dat Wommels ek ree is om yn dy nije gemeente op te gean. It feit dat Littenseradiel troch it provinsjaal útstel yn de diskusje behelle wurdt,  is foar Hemminga genôch om alfêst te witten wat de gemeenteried dwaan sil. It feit dat der net folle romte jûn wurdt foar oare oplossings rjochtfeardiget lykwols syn konklúzje net. Is it frjemd dat in protte minsken in hekel oan polityk krije en net mear nei it stemhokje komme wolle as yn de parse de saken eins al beslikke binne?  "Se"- dat binne de politisi- dogge dochs harren eigen sin en se harkje dochs net! 

As fraksje en bestjoer fan de ôfdieling Littenseradiel ha wy in jûn byinoar west om oer it weryndielingsútstel fan de provinsje te praten. Neffens ryk en provinsje moat in mooglik beslút ta weryndieling op in brede stipe fan de befolking rekkenje. Deputearre Schokker wol al op 1 april witte hoe't de gemeente der oer tinkt en wol ynformearre wurde oer it maatskiplik draachflak. Sa gau lykwols is dit net te organisearjen en boppedat is 1 april de datum dat minsken inoar graach foar it soaltsje hâlde. Wy soenen dy deis op it provinsjehûs om de weryndielingskwast freegje kinne.

Foar de ôfdieling is it dúdlik dat it demokratysk proses de romte ha moat en dêrom kinne de gemeenteriedsferkiezings yn 2014 net samar  skrast wurde. In referindum hâlde is ek in mooglikheid, mar wêrom as der ferkiezings binne? Boppedat komt it hiel krekt mei de fraachstelling om in objektyf byld krije te kinnen. Yn Súdwest is earder in ûndemokratyske oerfalstaktyk tapast troch de ferkiezings mar oer te slaan mei as risseltaat dat no alle oare gemeenten eins twongen wurde  itselde paad gean te moatten.

 It bestjoer is dwaande mei de tarieding fan in ledegearkomste oer dit ûnderwerp.  Want hoe sit it dan mei dy bestjoerskrêft? Wêr moatte jo dan oan tinke?

Tom Dykstra

Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling