FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling

Littenseradiel: Weryndieling NWF hoe fierder...

Dit stik is op persoanlike titel (Douwe Willemsma) skreaun.

It is skreaun nei oanlieding fan posysjebepaling foar 1 april 2012 mar dat foar in part earder skreaun is nei oanlieding fan de weryndieling dy’t yn SWF plak fûn hat.


It grutte argumint fan de weryndieling is bestjoerskrêft. Net ien wit wat it is, mar it makket wol dat wy konfrontearre wurde mei in weryndieling dêr't net ien fan ús op sit te wachtsjen en dêr't oaren ús yn behelje.

Lytse gemeenten dy't har wurk goed ynoarder ha, wurde it slachtoffer fan de bestjoerskrêftdiskusje. Dr.Klaas Abma hat al oantoand dat bestjoerskrêft neat mei de grutte fan gemeenten hat út te stean. (stelling 15 by dissertaasje ‘Beoordelen van gemeenten')

Bestjoerskrêft hinget ôf fan minsken. Oare minsken op ûnderskate posysjes, ek yn dit hûs kinne meitsje dat in goed draaiende gemeente samar in omslach makket. Mar dat jildt ek foar in grutte gemeente.

Wy ha goeie bestjoerders nedich dy't witte wêr't se ha foar ynsette, dy't har identifisearje kinne mei de gemeente dêr't se wenje. In grutte ôfstân tusken bestjoerder en bewenner hat fan gefolgen dat men it wol leaut; wy bedarje by ferkiezings yn opkomstpersintaazjes lyk as by de Europeeske ferkiezings om't men de lju net mear ken.

 

Los fan elkoar kamen Korsten en Elzinga mei de federaasjegemeente en it Seta-model op ‘e lappen as alternatyf foar weryndieling. Weryndieling is in mar net it middel om gemeentlike krêften te bondeljen. Der is gjin oantoande kausaliteit tusken it doel dat men foar eagen hat fan gearwurkjen of fusearjen en de effekten.

‘Binnen het institutionalisme is er een theorie - isomorfisme - dat stelt dat organisaties niet veranderen om prestaties te verbeteren, maar om zich te conformeren aan druk uit de omgeving waardoor ze in een bepaalde richting worden geduwd.

In de nabije omgeving kan opschaling van buurgemeenten voor druk zorgen om iets te ondernemen. Ook al zijn samenwerking en ambtelijke fusies een alternatief voor herindeling, schaalvergroting blijft doorgaan' (Bestuur jann 2012)

Ut boppeneamd artikel docht ek bliken dat amtlike fuzje yn byld kaam as men gjin weryndieling woe. Dy mooglikheid wie der,  ek al woe de provinsje it faaks wol oars.

De kar fan de gemeenten foar skaalfergrutting wurdt benammen ynjûn troch eksterne druk!

 

Yn Binnenlands Bestuur fan 20 jann 2012 stiet in artikel oer it ‘fusiebevel' fan it Gooi. It idee fan weryndieling giet mar troch wylst de befolking dat net wol. De boargemasters yn it gebiet binne wol foar, benammen dy fan Muiden omdat dêr in skeaklaim fan 360 miljoen leit, ‘maar daar komen we wel uit'.

Prof. Pleij seit dat ‘kleinschaligheid de kracht van dit land is'. Ek de ekonoom Prof Heertje is der poer op tsjin dat Bussum, Naarden, Muiden en Weert ien gemeente wurde. ‘Het is zo'n idioot misverstand dat groter ook beter is. Bij een fusie is dat meestal niet het geval. Integendeel. Het argument dat ‘de bestuurskracht en de efficiency ermee gediend is, maakt op Heertje geen indruk'

 

In oar argumint is de demokratyske legitimaasje. Der soenen gearwurkingsferbannen ûntstean dêr't de polityk gjin ynfloed op hat. Dat is oerdreaun.

Nei wat foar weryndieling ek bliuwe der gearwurkingsferbannen oer. Yn Drinte die bliken dat it tal ferbannen weromrûn wie fan 48 nei 24 yn in weryndielde gemeente. Yn Doesburg hat men yn 2011 trije gearwurkingsferbannen mear as de grutte bestjoerskrêftige buorgemeente Arnhim.

Wat de boarger it wichtichst fynt, de feilichheid en de sûnenssoarch, binne saken dy't oer de hiele provinsje optúgd binne.

Dit hiele gedoch fan weryndieling komt fuort út it grutskalige tinken dat yn ús tiid foar master opslacht.

Skoallen, banken, bedriuwen, alles fusearret, wurdt ferkocht en komt fierder fan de minske ôf te stean.

God is ferdwûn út Jorwert en wy koenen dat proses net keare. Oan de oare kant besykje wy de minsklike maat werom te finen. Yn Amsterdam besochten se dat troch stedsdielrieden te meitsjen, wylst der genôch bestjoerskrêft yn de gemeenteried siet. Se komme dêr op werom. Grutte skoallen diele har sels wer op yn lytsere selsstannige teams dy't ferantwurdlik wurde foar in part fan de oplieding.

 

Wy ha in unike posysje, wy besykje yn it hert fan Fryslân de wearden fan dit gebiet mei syn minsken, skiednis, kultuer en natoer te bewarjen foar ús neiteam en oaren. Wy ferkeapje ússels as in eldorado tusken de stêden. Wy besykje ús taal te brûken en de posysje fan dy taal te fersterkjen as in grutte wearde foar it minskwêzen.

Yn in tiid dêr't de minske wei wurdt yn de massa, flechtet yn syn eigen ik en it sicht op de mienskip ferliest, kin it wolris nedich wêze om werom te kearen nei de âlde buorreplicht om te oerlibjen.

Mantelsoarch is in begrip dat wy in pear jier lyn noch net koenen en dêr't de mienskip no net mear sûnder kin en dêr't se gewoan fan út geane dat dy der is.

Om wat foar dy neiste te betsjutten moatte men him wol kenne en syn taal sprekke.

 

Gelearden, bestjoerders, ûndersyksburo's, amtners, ha al wer jierren oan de weryndieling fertsjinne. Oeren binne sitten gien yn it meitsjen fan rapporten, yn it bywenjen fan kongressen, yn it lêzen fan kommintaren.

In protte beliedsmakkers ferskûlje har achter in papieren wrâld.

Bliuw mei beide fuotten op de grûn stean, bliuw baas yn eigen hûs en hâld rekken mei de boarger en betsjut wat foar dy boarger.

 

In eigen gemeentehûs mei de útstrieling en de wurkgelegenheid dy't dêr by heart, is foar ús omjouwing fan grutter belang as it oerbringen fan tsjinsten nei Frjentsjer.

Wy wolle de boarger ek net fertelle dat de ieuwenâlde gemeentestruktuer fan Hinnaarderadiel en Baarderadiel ferknipt wurde moat om mear bestjoerskrêft te krijen omdat de hiele gemeente net past by hokker gebiet dan ek. Yn Lollum Waaksens liket dy diskusje no op gong te kommen.

 

Wy ha yn 2008 ús konklúzjes lutsen.

As der guon binne dy't har op dit stuit neat oanlûke fan dy petearen, gean jo foarby oan de boarger dêr't wy hjir foar sitte. De mearderheid hat him tsjin in weryndieling útsprutsen en de measte boargers binne bêst te sprekken oer kontakten mei de gemeente, de koarte lijnen, de goede oplossings dy't op maat socht en fûn wurde.

 

Moat de gemeente dan op slot? Binne der dan no gjin sinjalen dy't yn in oare wei wize.

De gemeente moat net op slot; wy ha oant no ta altyd goed gearwurke yn de Súdwesthoeke fan dizze provinsje, en dat moat wat ús oanbelanget sa bliuwe. Wy wolle net reagearje sa't guon buorlju wol dien ha , troch te sizzen mei dy net en mei dy wol mar der is wol dúdlik wurden dat Ljouwert by ús bewenners gjin houlikskandidaat is.

As der no taken op ús ôf komme dy't wy allinnich net oankinne dan moatte wy help ynkeapje by de gemeente dy't ús dat produkt leverje kin.

As dat net kin, bliuwt der in mooglikheid iepen fan in amtlike gearwurking. Ut it stik fan de provinsje docht dat net bliken, mar út petearen mei deputearre Kramer komt dúdlik nei foaren dat gearwurking by de provinsje wol deeglik in oplossing is.

 

Ik wol ek noch efkes sitearje út in evaluaasjerapport dat fjouwer jier nei de weryndieling yn Drinte makke is troch in ûnôfhinklik buro yn opdracht fan de provinsje.

It jout oan dat de foardielen fan weryndieling minder sterk binne as faak sein.

(titel: "Vier jaar later. Impact van de Drentse herindeling in beeld")

 

Wêr wol ik op ta en wêr wol ik rekken mei hâlde:

 

  1. oan it Kolleezje fan Dep Steaten witte litte dat de gemeente Littenseradiel mei oare gemeenten ûndersykje wol oft der troch gearwurking skaalfergrutting yn Noardwest Fryslân helber is.
  2. Hokker gemeenten oan dy skaalfergrutting meiwurkje wolle, is op dit stuit net dúdlik.
  3. Yn de simmer fan 2012 besykje draachflak te finen foar amtlike gearwurking
  4. Foar Wommels (en oare plakken) op dizze wize in stik wurkgelegenheid oerein te hâlden.
  5. Yn in tiid fan finansjele krapte sa min mooglik jild út te jaan foar dizze operaasje.
  6. De finansjele gefolgen foar de aparte gemeenten yn byld bringe yn relaasje ta de koarting dy't ien grutte gemeente krijt.
  7. Gjin kat yn de sek keapje.

 

     Itens jann 2012.

     Douwe Willemsma,



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling