FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling

Ferwerderadiel: Weryndieling

De profinsje hat in fyzje jûn op de mogelike weryndieling

De fyzje fan Jaap Hijma

 

Der stiet net in soad nijs yn de fyzje fan de provinsje, men wol ús by Dokkum hawwe. Mar dat wisten we al.

 

Fraach is no: hoe fierder. Yn earsten kinne wy stelle dat de provinsje seit dat wy fusearje/weryndiele moatte, mar at jo de trije foarneamste betingsten der by nimme, dan is der gjin inkelde reden foar in weryndieling.

Dan it tiidpaad: om 't men spikers mei koppen slaan wol, dan moat it op 1-1-2015 heve en nei dy datum komme der dan grinskorreksjes; de Hallumers soene dan bygelyks earst nei Dokkum sleept wurde, en dan in jier letter wurde se wer oan Ljouwert plakt. En wat foar harren jildt, jildt fansels  ek foar de lju yn Arum en omkriten. Dat soe kwa amtlike organisaasje better wêze seit men. Lit dat no ris om 15 of 20 m/f gean. Dat stiet dan net yn ferhâlding ta de hast 3.000 Hallumers dy't twa kear ferhúzje moatte en rekkenje der mar op dat soks gâns mear kostet as dy 20 amtners. Mar miskien kin der in nustje yn 'e FUT en dat slagget by de Hallumers fansels net.

 

Mar de wichtichste fraach bliuwt: kin ús gemeente noch selsstannich bliuwe of is it (foar de ynwenners) better (en foardeliger) om de regio te weryndielen. Persoanlik bin ik gjin foarstanner fan grutskalichheid. Ik haw altiten by relatyf lytse bazen wurke en dat hat my skoan foldien. De linen binne koart en de ynset fan it personiel is gâns grutter as by gruttere wurkjouwers. En at jo jins eigen beheinings dan yn it each hâlde en gjin (grutte) ûnmooglike projekten oanpakke, dan rêde jo it  lang. Sa sjoch ik ús gemeente ek; wy binne mar lyts, mar hawwe wol besteansrjocht. Ús heit wie ek mar in lytse boer, mar hy rêde it wol op, ien fan myn broers is ZZP-er en kin dêr goed fan bestean. At jo jins saakjes mar goed op oarder hawwe, dan is der gjin inkele reden om te fusearjen.

 

Men hat lytse bedriuwen, lytse gemeenten en lytse lannen (Nederlân/Luxemburg). Troch gear te wurkjen mei oaren en in goede organisaasje kinne wy dingen realisearje dêr't de grutte ekivalinten yn ferûngelokje.

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling