FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling

Littenseradiel: De demokrasy bûtenspul set

"It soe fan demokratysk fatsoen tsjûgje om de gemeenteriedsferkiezings fan 2014 krekt wol trochgean te litten". Tom Dykstra hat in artikel skreaun oangeande útspraken fan deputearre Schokker oer in mooglike weryndieling yn NW-Fryslân.

De demokrasy buten spul set.

Yn in desimber-nûmer fan Op ‘e Skille stie mei grutte letters: Provincie voegt Littenseradiel toe aan

NW-Fryslân. Neffens ferantwurdlik CDA-deputearre Schokker wie it tiid om troch te pakken en as der

immen sa dryst wêze soe om mei in oar útstel te kommen dan soe de provinsje dêr negatyf oer advi-

searje. Boppedat koenen de gemeenteriedsferkiezings 2014 ferfalle, omdat op 1 jannewaris 2015 de

fúzje in feit wêze moast.   

Ien konklúzje kin daliks lutsen wurde: De deputearre hat neat leard fan it beskamsum proses dat

oan de berte fan de gemeente Súdwest-Fryslân foarôf gien is. Alle oare Fryske gemeenten moatte

no op itselde alter offere wurde.

 

Wie troch te min en ferkearde rezjy fan deputearre Galama it beslútfoarmingsproses  fan -ûnderen-

op mislearre, no soe it heve en mei it rapport fan de Wize mannen yn ‘e hân soe iens en foargoed

Fryslân opstjitten wurde yn de feart fan de folken. Al dy grutte problemen dy't mei de desintralisaasje

op de gemeenten ôfkomme, sille wy dan treast wêze!

Hokker problemen? Wa kin it bêste op ‘e skaal fan Fryslân dy problemen foar de kiezzen krije en oplosse?

De gemeenten? De provinsje sels? Weryndieling hat ek beswieren sa as yn Súdwest-Fryslân al dúdlik wurdt.

No earst de ferkiezings fan 2014.

 

It kolleezje fan DS wol krekt - sa as earder yn de Súdwesthoeke - de reguliere gemeenteriedsferkiezings

2014 yn Littenseradiel en oare gemeenten yn de Noardwesthoeke mar oerslaan. No is de grutte klacht de

lêste jierren dat dizze ferkiezings de lju net folle (mear) sizze. It tal minsken dat nei it stimhokje komt nimt

ôf. Mar no dit útstel. No falt der einliks wat te kiezen en no soenen wy net stimme meie oer in mooglike

weryndieling en mei wa? Earder ha de ynwenners fan Littenseradiel oanjûn ynearsten selsstannich bliuwe

te wollen. It soe fan demokratysk fatsoen tsjûgje om de gemeenteriedsferkiezings fan 2014 krekt wol

trochgean te litten. De partijen kinne dan sjen litte dêr't se foar steane en de ferkiezings wurde wichtich

foar de takomst. Se dogge der dus ta! Oerslaan betsjut útholling fan de demokrasy.

 

Op Europeeske skaal wurde yn lannen as Grikelân en Itaalje ûnder druk fan de beurzen regearingslieders

ferfongen sûnder demokratyske ferkiezings. Hoewol't dêr reden ta wie, wol gefaarlik! Wat fine de Litten-

seradielsters fan in provinsjaal útstel dat weryndieling oplizze wol sûnder demokratyske legitimaasje fan

de befolking? Ynstimme mei it útstel om de ferkiezings 2014 mar oer te slaan is leechlizzen fan de ge-

meentlike demokrasy.

 

Tom Dykstra



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling