FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling

Boarger weryndielingsgemeente fan de rein yn de drup

Meibetelje oan grûnspekulaasje buorgemeenten

 Sybren 2011 lyts  

De boarger fan in weryndielingsgemeente lykas Boarnsterhim rekket finansjeel mooglik fan de rein yn de drup. Dat risiko bestiet neffens de FNP troch de spekulative grûnoankeapen yn de grutte buorgemeenten. It grûnbesit moat ôfwurdearre wurde troch de krisis. Yn feite betellet de boarger fan de nije gemeente aanst mei oan de tekoarten fan de buorlju. De Steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oan Deputearre Steaten oer de kwestje.

 

Sybren Posthumus

 

Reaksje? Mail s.posthumus@fryslan.nl

 

 

De Steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oan Deputearre Steaten oer de finansjele risiko's dy't gemeenten mei grutte grûnposysjes rinne by weryndieling. Wurdfierder Sybren Posthumus: ‘Yn it slimste gefal draait de boarger fan in op te heffen gemeente op foar de spekulative grûnoankeapen fan in grutte buorgemeente. Soks soe aanst al gau spylje kinne tusken Boarnsterhim, Ljouwert en It Hearrenfean. De lêste twa sitte mei grutte finansjele risiko's fan har grutte grûnbesit. In weryndieling mei sokke minne finansjele perspektiven liket gjin goed idee. De Boarnsterhimsters reitsje dan fan de rein yn de drup.'

 

Finansjeel wurdfierder Posthumus fan de FNP wol fan it Kolleezje witte oft de Provinsje in folslein en presys oersjoch fan de balâns fan de Fryske gemeenten hat. It giet benammen om de risiko's dy't dêr yn beskûle sitte. De FNP freget om oan te jaan hoefolle der sûnt it begjin fan de krisis begjin 2008 ôfskreaun is op gemeentlik grûnbesit. Mei oare wurden, hoefolle de Fryske mienskip ûnderwilens op papier earmer wurden is, boppe op de bedraggen dy't de krante hjoed neamt.

 

De FNP freget fierder wat de Provinsje der oan docht om foar te kommen dat de boarger nei de fusy fan Boarnsterhim op'e nij yn in artikel 12 gemeente bedarret. It gegeven fan de finansjele risiko's op de balâns fan de buorgemeenten, en dêrmei in mooglik hiel minne start foar in nije fusygemeente, soe belutsen wurde moatte by de beoardieling fan weryndielingsplannen, sa fynt de FNP. Yn feite spilet dit no foar alle gemeenten dy't op it stuit konkrete foarnimmens ta weryndieling hawwe, sa stelt wurdfierder Sybren Posthumus. De gemeenten wurde tagelyk ek konfrontearre mei slim oprinnende kosten bygelyks fan útkearingen en koartingen fan it Ryk. Hy wol fan it Kolleezje in oersjoch per gemeente fan de aktuele en takomstige risiko's.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling