FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling

Weryndieling Skarsterlân: FNP nimt ferantwurdlikheid

Ynbring Gerda de Vries yn riedskommisje 20 april 2011

Weryndieling: FNP nimt har ferantwurdlikheid

Woansdei 20 april hat ek de FNP fan Skarsterlân ûnder de mienskiplike kommisjegearkomste fan de rieden fan Lemsterland, Gaasterlân-Sleat en Skarsterlân it griene ljocht jûn foar it fúzjebeslút, mei loskeppeling fan de doarpen Haskerdiken/Nijbrêge en it yndustryterrein by Nijehaske. It hat foar de fraksje in hiele wrakseling west, mar fraksjefoarsitter Gerda de Vries hat helder útein setten wat ús arguminten binne. Hjir de wichtichste punten fan har útiensetting:

Ynset: hiele gemeente

Oant 6 oktober  2010 ta, is alles ferrûn sa't de FNP it foar eagen hie: de hiele gemeente Skarsterlân giet op yn de nije krêftige plattelânsgemeente. Dat hat doe ek ta gefolch hân dat de trije gemeenterieden hast unanym ta in ûntwerp weryndielingsadvys kaam binne. Fan 6 oktober ôf hat it ûntwerpbeslút op besjen lein. Der is in fikse sjenswize op kaam fan de gemeente It Hearrenfean.

 

Prosesarsjitekt en kommisje fan wize mannen

Yn de Twadde Keamer wie al earder, nei oanlieding fan de fúzje fan Súdwest-Fryslân, de PvdA moasje Heijnen oannaam. Yn dy moasje wurdt neidruklik útsprutsen dat de provinsje har rezjyrol better wier meitsje moat.

Nei oanlieding fan dy diskusje hat Provinsjale Steaten op 22 septimber it útstel om de rezjyrol fan de provinsje ‘inzake versterking kwaliteit lokaal bestjoer' op har te nimmen, oannommen. Der waarden in tal ‘Fryske' kritearia oan taheakke, lyk as dy fan de natuerlike grinzen en fersterking fan de stêdske kearnen (it nodale prinsipe).

Ûnder it haadstik Regionaal draachflak skriuwt it "beliedskader gemeentelike weryndieling" hjiroer it folgjende: mochten ien of meardere gemeenten om ús hinne in negative sjenswize ha en we wolle dôchs ûnferdield de fúzje yngean, dan bepaalt de provinsje wat it swierst weacht, de foarnommen weryndieling of de sjenswize.

De provinsje hat, fanwege har rezjyrol, nei oktober 2010 in proses arsjitekt en letter ek noch ris de kommisje Koopmans oansteld. Dizze saneamde kommisje fan Wize Mannen is yn maart mei harren bekende rapport kaam. Mei nei oanlieding fan dat rapport is de sjenswize fan it Hearrenfean diels ‘gegrond' ferklearre. Dêr is de grinskorreksje út fuort kaam, útsein it stik grûn by de Fûgelsang yn Rottum en it gebiet tusken de Wierde en Vegelinsoard.

De stjoergroep hat, yn opdracht fan alle fraksjes fan de trije fúzjegemeenten, alle war dien om dizze grinskorreksje tsjin te gean, mar dit is spitigernôch mar foar in part slagge.

Yn it rapport fan de wize mannen wurde in oantal kritearia neamd wêroan in weryndieling hifke wurde kinne soe. Dêr sit fuort al in manko, want se sprekke harsels tsjin, bygelyks wat de natuerlike grinzen oan belanget. En wat is no de analyze dy't oan dizze advizen foar weryndieling ta grûnslach leit?

Spitigernôch kin de rie de kommisje fan Wize Mannen net ta ferantwurding roppe en befreegje omtrint de ûnlogyske en tsjinstridige útkomsten fan harren advys. Hoe sa wize mannen?

 

Fan ûnderop

Dit is in fúzje fan ûnderop, net allinne fan de trije gemeenten mar ek fan de provinsje, sa as yn de ynlieding fan it beliedskader stiet. It draachflak foar dizze fúzje is troch dizze grinskorreksje net mear 100%.

Dat binnen dit foarlizzende útstel gjin plak is foar de doarpen Haskerdiken /Nijbrêge docht ús ferskriklik sear en dêr hawwe tiden mei wraksele.

We binne ek noch hieltyd fan miening dat in ûngedielde fúzje it measte rjocht docht oan dit proses, wat de trije gemeenten hantearje. We hawwe oant de ledegearkomste fan ôfrûne tongersdei alle foars en tsjins ôfwage en binne ta de konklúzje kaam dat, hoe spitich it ek foar dizze twa doarpen is, it yn ús eagen net ferantwurde is om de fúzje op dit stuit te fersteuren, te fertragen of hielendal oergean te litten as we de poat stiif hâlde.

Wy kinne oars net as konstatearje dat ûngedield net helber is. De provinsje jout dan net in posityf advys mei oan de minister en wy sille net per 2013 fusearje kinne. Wy binne folksfertsjintwurdigers en drage politike ferantwurdlikheid foar 3 gemeenten.

Wy wolle net troch fertragingen yn it melee fan fúzjes komme yn 2018 mei de grutte kâns dat de fúzje fan dizze trije gemeenten faai komt te stean.

De Skarsterlânske FNP hat praten mei de FNP-fraksje op It Hearrenfean en dêr hat de fraksje harren yn de rie útsprutsen tsjin de sjenswize fan it Kolleezje fan It Hearrenfean. Spitigernôch in minderheidsstânpunt.

 

Konsekwinsjes negatyf advys provinsje

In negatyf advys fan de provinsje sil net liede ta in fúzje fan dizze 3 gemeenten yn 2013, om't it kabinet net allinne sjocht nei it proses mar ek nei de motivearring fan gemeenten en provinsje. En de motivearring fan de provinsje oer it regionaal draachflak is yn it beliedskader weryndieling sa dúdlik as wat.

 

Yn it advys fan Deputearde Steaten sit no krekt de angel dy 't ús foar dit ferskriklik dilemma setten hat.

De FNP sjocht gjin mooglikheid mear ûngedield oer te gean. Wy nimme ús ferantwurdlikheid en sille dan ek foar it weryndielingsadvys mei grinskorreksje stimme.

 

Gerda de Vries,
fraksjefoarsitter FNP-Skarsterlân

 

NB: de FNP fraksje hat mei 6 stimmen foar en 1 stim tsjin it weryndielingsadvys stimd.

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling