FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling

Deputearre Konst: gearwurking Middelsee 'onzinnig en onverstandig'

PvdA deputearre út de bocht mei krityk op Fryske plattelânsgemeenten

Annigje 2 23 06 10   

De FNP is fan betinken dat Konst hjir finaal út de bocht flein is. Neffens wurdfierder Annigje Toering hâldt Konst him net oan it stânpunt fan it Kolleezje fan Deputearre Steaten. ‘It Kolleezje hat nota bene sels finansjele stipe jûn oan de Middelsee foar de fersterking fan de bestjoerskrêft. Dan kin in deputearre net sa mar roppe dat deselde gearwurking ‘onzinnig' is.

 

Annigje Toering

 

Reaksje? Mail: toering@sis.fryslan.nl

 

 

De Steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oan deputearre Hans Konst oer syn swiere krityk op de Middelseegemeenten. Konst neamde op in byienkomst yn Ljouwert de gearwurking fan Menameradiel, Ljouwerteradiel, It Bildt en Ferwerderadiel ‘onzinning en onverstandig'. Hy hie it ek oer in blokkade fan de gearwurking troch de Provinsje en stelde fraachtekens by de selsstannichheid fan Littenseradiel.

 

De FNP is fan betinken dat Konst hjir finaal út de bocht flein is. Neffens wurdfierder Annigje Toering hâldt Konst him net oan it stânpunt fan it Kolleezje fan Deputearre Steaten. ‘It Kolleezje hat nota bene sels finansjele stipe jûn oan de Middelsee foar de fersterking fan de bestjoerskrêft. Dan kin in deputearre net sa mar roppe dat deselde gearwurking ‘onzinnig' is. Wy kenne de PvdA deputearre as in man dy't oars goed neitinkt foardat er wat seit. Dit falt ús as FNP bot ôf.'

 

Toering freget fierder oft de PvdA deputearre faaks yn it Kolleezje in minderheidsstânpunt ynnaam hat. Boppedat wiist de FNP wurdfierder der op dat bestjoerskrêft Konst syn portefúlje hielendal net is: ‘Konst set hjir de plattelânsgemeenten mei noch swierdere wurden bestjoerlik yn de kjeld as de portefúljehâlder Galema fan it CDA'.

 

De FNP freget no oft kolleezjefoarsitter Jorritsma yngripe wol om foar dúdlikheid te soargjen oer it stânpunt fan it Kolleezje fan DS: ‘Sa geane jo net mei elkoar om. De útlittingen fan Konst soargje foar grutte bestjoerlike ûnrest..'

 

 

Taheakke:

FNP skriftlike fragen Hans Konst oer Middelsee gemeenten

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling