FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling

Galema set Frysk plattelân bestjoerlik yn'e kjeld

Giet it no om bestjoerskrêft of om de finansjele posysje fan Fryske stêden ?

Annigje 2 23 06 10   

Soe de provinsje in oar, in mear ferburgen doel hawwe mei gemeentelike weryndielingen ?

 

Annigje Toering

 

Reaksje? Mail toering@sis.fryslan.nl

 

 

 

No't de fúzjeplannen fan Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat bekend binne, ûntstiet mei De Friese Meren yn de Súdwesthoeke fan Fryslân in twadde grutte fúzjegemeente. Fan ûnderen op en mei draachflak by de befolking. Jo soene sizze: soks moat deputearre Galema as lij wetter yn ‘e earen rinne. Mar net dus. De deputearre wol dat it Fean ek meidocht. Wêrom dochs? Soe de provinsje in oar, in mear ferburgen doel mei gemeentelike weryndielingen hawwe? Dat doel soe dan wolris wêze kinne om de finansjele posysje fan de grutste Fryske stêden feilich te stellen.

 

Deputearre Galema seit dat it giet om it fersterkjen fan de bestjoerskrêft. Mar nearne kin de provinsje in konkrete definysje fan bestjoerskrêft jaan. Wêrom is de ‘Friese Meren' mei 51.000 ynwenners dan net bestjoerskrêftich? Hoe sa net? Gjin bewiis wurdt dêrfoar oanlevere. Galema seit fan ûnderen op. Mar as men fan ûnderen op ta ‘de Friese Meren' komt, is it ek net goed. It Hearrenfean soe bûtenspul komme te stean, in muurbloempje wurde seit de deputearre. No en? En wa hat dan eins in bestjoerskrêftprobleem? Winliken is it Hearrenfean bestjoerlik sa swak dat it net by steat is om fúzjepartners duorsum oan him te binen.

 

It bestjoer op it provinsjehûs spilet dûbeld spul. Men doart net plan-út te sizzen of op te skriuwen wat men wol. Te witten alle Fryske plattelânsgemeenten opheffe en ûnder de wjukken fan de Fryske stêden bringe. Dat betsjut dat de foarsjennings yn dy stêden, téaters, skoallen, sikehuzen, bibleteken en wat al net mear, dan betelle wurde kinne troch in folle gruttere groep ynwenners. Dat kin net oars as op kosten gean fan de besteande foarsjennings op ‘e doarpen. Bibleteken, skoallen, sportfjilden, wolwêzenswurk, ûnderhâld fan wegen en grien, dat komt allegearre faai te stean. Feitliken is dit fampierpolityk. Ut de lytsere plattelânsgemeenten de besteande foarsjennings leechsûgje sa dat der jild frijkomt foar de foarsjennings yn de Fryske stêden.

 

It giet by weryndieling net om bestjoerskrêft. It giet om de sinten. Weryndieling is feitliken ien grutte besuniging. De ynwenners fan de nije Súdwesthoekegemeente krije bygelyks aanst mei syn allen € 3 miljoen minder as dat hja krigen doe't hja noch yn aparte gemeenten sieten. En dêr gean dan de kommende Ryksbesunigings noch oerhinne. Ek sil men miljoenen ynvestearje moatte yn nije gemeentehuzen en wurkplakken. Wol oars, mar net better dus foar de belutsen ynwenners. Ljouwert en it Fean moatte no al grouwélich besunigje. Hja krije dan ek nochris it earmlêstige Boarnsterhim op ‘e nekke. Skarsterlân sit no noch goed by kas. Hja binne wol wizer en jou dy kas sa mar oan it Hearrenfean dat al jierren mear plannen as sinten hat. 

 

Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat spylje it weryndielingsspul sa't heart. Mei iepen fizier. Mei omtinken foar de boarger. En benammen mei fisy. Nammentlik, de eigen identiteit en plattelânskultuer behâlde en fuortsterkje yn de nije fúzjegemeente. It is in streekrjochte skande dat Deputearre Steaten dizze gemeenten sa yn ‘e kjeld set. Want it giet net om inkeld mar bestjoerlike ferbannen of nije gemeenten. Wêr't om giet is dat in leefber Frysk plattelân net sûnder in eigen lokaal bestjoer kin. In lokaal bestjoer op minsklike maat. As de ynwenners fan it Fryske plattelân sizzenskip hâlde wolle oer de takomst fan harren eigen foarsjennings, op it mêd fan sport, ûnderwiis, soarch en wolwêzen dan kinne hja net sûnder in eigen lokale oerheid. Deputearre Galema soe soks sa bliid as in protter stypje moatte, yn stee fan it skouderjen dat hy no docht.

 

De kommende steateferkiezings sille benammen ek gean oer de bestjoerlike skaal fan Fryslân. It giet ús derom dat it Fryske plattelân leefber bliuwt foar syn eigen bewenners. Dat kin net as it ta ‘ommeland' foar Ljouwert, it Fean of Drachten degradearre wurdt. De minsklike maat moat sichtber bliuwe, ek yn it lokaal bestjoer!

 

 

 

Dit artikel is ek publisearre as Te Gast yn de LC fan 30 septimber 2010

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling