FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling

FNP: 'Fúzjepartijen bang foar stimwizer'

Alde partijen hawwe gjin ferlet fan stim fan it folk

'De partijen dy de gemeentefúzje yn Súd-West-Fryslân trochdrukt hawwe, lykje no bang foar de gefolgen yn de stimbus. Derom wolle sy gjin stimwizer, want in stimwizer betsjut iepenheid.'

 

Dat seit foarsitter Durk Stoker fan FNP Súd-West-Fryslân yn reaksje op it net trochgean fan in stimwizer foar de ferkiezings op 24 novimber yn de nije gemeente. It saneamde ‘oerlis fan fraksjefoarsitters' hat foarige wike it meitsjen fan in stimwizer tsjinhâlden. Earder wie yn de wurkgroep ‘Op weg naar de Verkiezingen' ôfsprutsen dat der wol sa'n webside komme soe om kiezers te helpen by it meitsjen fan har kar en om de minsken mear te belûken by de polityk. 

 

Neffens Stoker wienen foaral de grutte partijen - CDA, VVD, PvdA - tsjin de stimwizer. ‘Wy freegje ús ôf werom. In stimwizer is in ynstrumint dat de ôfrûne jierren yn hiel Nederlân bewiisd hat weardefol te wêzen foar kiezers. Wy tinke dat dy bestjoerderspartijen bang binne foar de stim fan it folk. Earder hawwe sy ek al in referindum oer de weryndieling fan de fiif gemeenten tsjinhâlden. Dat wie ek omdat de minsken oars woenen dan de bestjoerders.'

 

Ek de proseduere by it trochheljen fan de stimwizer ropt fragen op by Stoker. ‘Yn it fraksjefoarsittersoerlis komme de lieders fan de fraksjes út alle 5 âlde gemeenten by elkoar. Dêr stie de stimwizer foarige wike tongersdei op de wurklist. Mar sûnder dat der stimd is, waard dêr fêststeld dat der gjin mearderheid wie foar de stimwizer. Dat like ôfsprutsen wurk, in oerfalstrategy.' Boppedat is yn dat beslút de winsk fan de ‘nije partijen' hielendal net meinaam. In miste kâns.

 

De FNP yn de nije gemeente Súd-West-Fryslân wol dat der dochs noch in stimwizer komt. Fierder ûndersiket de partij de mooglikheden om sels in stimwizer te meitsjen.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling