FNP Fryslân
Dossiers - Weryndieling
15-05-2017 - Frjentsjerteradiel: Ofslúting FNP ôfdieling Frjentsjerteradiel
Op 10 maaie hat de lêste gearkomste fan FNP Frjentsjerteradiel west. We hawwe as bestjoer, fraksje en leden mei inoar werom sjoen yn de tiid. Sintraal dêrby stie dat elts him sa thús fielde, de noflike sfear en de iepenheid wêrmei’t ek ferskillen fan miening besprutsen wurde koenen. Der waard dan ek de hoop útsprutsen dat we dit trochsette sille yn de nije ôfdieling FNP Waadhoeke.

09-01-2017 - Weryndieling leveret finansjeel neat op
Proefskrift Geertsema bij COELO

30-06-2016 - Positive sjenswize Provinsje op weryndieling 2018
Mei wiidweidige paragraaf oer it Frysk en it Bildts

23-06-2016 - Amtlike fusy helpt allinnich lytste gemeenten foarút
Proefskrift bestjoerskundige Laurens Zwaan

25-04-2016 - Frjentsjerteradiel: Weryndielingsbeslút
Tongersdei 21 april 2016 wie de koartste riedsgearkomste ea. In kertier nei de iepening waar de gearkomsten sletten.

04-08-2015 - Amtlike fusy liedt net ta better bestjoer
Amtlike fusy makket de ympotinsje fan gemeenterieden allinnich mar grutter. Allinnich as ek it bestjoer fusearret, kinne de rieden harren wurk goed dwaan, stelt saakkundige Jo Horn.

20-04-2015 - Positive effekten weryndieling fier te sykjen
Utkomsten grutskalige ynternasjonale stúdzje

30-06-2014 - Gemeentelike weryndieling besparret gjin jild
Rapport COELO fan de Ryksuniversiteit Grins

17-12-2013 - Fryske Marren - nije namme kostet gjin € 400.000
Artikel Hindrik ten Hoeve

14-07-2013 - Littenseradiel: Wêrom’t ik foar weryndieling stimd ha
Op 24-6-2013 is it riedsútstel oer de takomst fan Littenseradiel oannommen, wat ynhâldt dat fierdere stappen ta opsplitsen fan ús gemeente yn gong set wurde.
De FNP fraksje wie net ienriedich, Jeltsje ljochtet har stânpunt ta.

10-07-2013 - Littenseradiel: Stânpunt fan FNP oer de weryndieling
De FNP (bestjoer, leden en it grutste part fan de fraksje) is net per definysje tsjin in werydieling mar wy binne wol tsjin dit foarstel fan B&W en wol om de folgjende redenen.

03-07-2013 - Fryslân: Earste Keamer easket better ferhaal fan Plasterk
Weryndielingsútstellen yn de kuolkast set

30-05-2013 - Nij beliedsramt weryndieling 2013 fan it Ryk
Provinsje krijt mear te sizzen

15-05-2013 - Ferwerderadiel: De FNP en de weryndieling
Nei oanlieding fan de artikels yn it SSN fan in fjirtjin dagen lyn, binne wy as FNP ek ferskillende kearen frege nei ús stânpunt oer de takomst fan de gemeente en ús miening oer it referindum.

02-05-2013 - Ferwerderadiel: Fragen fan de referindumkommisje
Op fersyk fan de referindumkommisje binne der 6 fragen wer't wy antwurd op jouwe. It is de bedoeling dat dy yn it SSN komme, mei it antwurd fan de ferskillende fraksjes.

19-04-2013 - Littenseradiel: Jiergearkomste oer weryndieling
Fraksje en leden yn konklaaf op 3-april 2013

27-02-2013 - Fryslân: FNP: Europeeske stipe foar takomst Fryslân
Tsjin healwize plannen Plasterk foar provinsjale fusy

10-02-2013 - Frjentsjerteradiel: Gaos yn Fryslân
Wêr binne wy mei dwaande mei it weryndielingsferhaal?

09-02-2013 - Fryslân: 'Plasterk hat lak oan miening boargers'
Frijbûtser fan febrewaris no online

03-02-2013 - Littenseradiel: Doarpepetear oer weryndieling jannewaris –maart 2013
Yn 23 doarpen wurdt yn de earste moannen fan 2013 in ynformaasje- en diskusjejûn belein oer it útstel fan B&W ta opheffing fan de gemeente Littenseradiel.

07-01-2013 - Kollumerlân: Oer in pear jier gjin Kollumerlân mear
Tongersdei 13 desimber waard yn de gemeenteried fan Kollumerlân c.a. in wichtich beslút naam: mei tolve stimmen foar (CDA, VVD, PvdA en CU) en de trije stimmen fan de FNP riedsleden tsjin, waard it útstel stel fan it kolleezje oangeande in ’Intentieverklaring’ om, sûnder tuskenstappen, te kommen ta in fúzje mei Dantumadiel, Dongeradiel en Ferwerderadiel, goedkart.

27-12-2012 - Littenseradiel: Weryndieling , in oare kant.
As bestjoer wolle wy de diskusje oer in mooglike opheffing fan Littenseradiel - nei oanlieding fan de útstellen fan B&W - wat mear djipgong jaan, omdat neffens ús de diskusje tefolle basearre is op it Calimero-effekt: Zij zijn groot en wij zijn klein..

04-12-2012 - Frjentsjerteradiel: FNP en weryndieling
Wy lizze graach út hoe as wy steane yn it weryndielingsferhaal. Yn ús program stiet "weryndieling alline as ús boargers der better fan wurde en der ek mei ynstimme".
Jan Dijkstra skreau in ynstjoerd stik:

01-12-2012 - Frjentsjerteradiel: Federaasje fan Doarpsbelangen wol bettere kommunikaasje oer fuzjeproses
Op 26 novimber 2012 skrea de Federaasje fan Doarpsbelangen dizze brief oan it kolleezje fan B&W. Hja fynt dat de kwalitative ynformaasje út de enkête meinommen wurde moat yn de útwurking en stelt priis op streekrjochte kommunikaasje foar 6 desimber. Dan is hja útnoege by de riedsgearkomste om te hearren hoe't it kolleezje de ynbring fan Doarpsbelangen ynterpretearret.

09-11-2012 - Hegere kosten yn fúzjegemeenten
Yn it nije regearakkoart wurdt útgien fan in kostenbesparring troch opskaling fan gemeenten. Dat dit útgongspunt net doocht hawwe Maarten Allers en Bieuwe Geertsema fan it COELO (Centrum voor Onderzoek van de Economie van de Lagere Overheden) ûndersocht. Sy fertelle har ferhaal yn in artikel op mejudice.nl

03-10-2012 - Frjentsjerteradiel: Mar 38% fan de ynwenners posityf oer fuzje
Yn septimber 2012 is in enkête hâlden ûnder de ynwenners fan Frjentsjerteradiel. Yn de gemeenterie hat de FNP fraksje tsjin dizze enkête stimd fanwege de minne kwaliteit fan de fragen. Ek waarden minsken net frege nei wat se fan in fúzje fine en mei wa der eventueel fusearre wurde moatte soe.
Yn har brief fan 26 novimber 2012 jout de Federaasje fan Doarpsbelangen oan dat sy de kwalitative ynformaasje dy't by de enkête troch de ynwenners jûn is, wichtiger fine as de kwantitatieve wêr't foaral oer kommunisearre is. Foaral dizze kwalitatieve ynformaasje moat by de útwurking fan in fúzje meinommen wurde.
Alle antwurden binne yn de bylage fan it rapport fan Lexnova werom te finen, hjir folget de gearfetting mei de kwantitative ynformaasje:

03-10-2012 - Frjentsjerteradiel: Rûne tafelpetearen mei ûndernimmers, doarpsbelangen en wykferienings
As it oan de FNP lein hie wie in rieplachting fan boargers en "doelgroepen" rjochte west op it freegjen fan har miening oer in fuzje an sich en as we fusearje wolle mei wa dan en wêrom. Dat is spitigernôch net de ynstek fan dit kolleezje.
Begjin septimber hawwe ûndernimmers, doarpsbelangen en wykferienings by inoar west om oer in gemeentlike fuzje te praten. De te ferwachtsjen problemen fan skaalfergrutting waarden oantsjutten en de oanwêzigen hawwe sels de oplossings betocht. Dizze binne ferwurde as adfys:

28-09-2012 - Littenseradiel: FNP stimt yn mei trajekt weryndieling Littenseradiel
Yn de riedsfergadering fan 16 july 2012 hat de FNP fraksje ynstimd mei it riedsfoarstel om fierder te gean mei trajekt weryndieling Littenseradiel, werom??

28-06-2012 - Sjenswize Provinsje weryndielingsadvys Boarnsterhim
Kolleezje DS posityf oer opknippen gemeente per 1 jan 2014

22-06-2012 - Fryslân: Problemen grûnbelied oplosse foar weryndieling
Boarger finansjeel sûne gemeente de dupe ?

21-06-2012 - Ljouwerteradiel: Skriuwen FNP Ljouwerteradiel oan DS
Reaksje op de definitive winsk fan Deputearre Steaten fan Fryslân oangeande de bestjoerlike ynrjochting fan Noard-Fryslân.

02-06-2012 - FNP: toansetting rapport weryndieling kontraproduktyf
Lokaal draachflak wichtiger as bestjoerlik plaatsje

26-04-2012 - Keamerbrief weryndieling
Wat is it ferskil tusken it foarige en it nije Beliedsramt?

18-04-2012 - Nijefurd 1984 - siik fan weryndieling
Omrop Fryslân dokumintêre - It paad werom
mei û.o. de FNP-ers Lolke Folkertsma en Bouke de Ringh

13-04-2012 - Fisy Kolleezje DS op lokaal bestjoer Súdeast-Fryslân en Waadeilannen
Waadeilannen kwetsber; yn Súdeast 'gjin ynterne needsaak, gjin urginsje en gjin draachflak foar weryndieling'

12-02-2012 - Littenseradiel: Weryndieling as Haarlimmer oalje!
By âlds hienen de lju altyd Haarlimmeroalje yn ‘e hûs. Neffens harren in probaat middel tsjin in protte sykten en kwalen

26-01-2012 - Littenseradiel: Weryndieling NWF hoe fierder...
Dit stik is op persoanlike titel (Douwe Willemsma) skreaun.

It is skreaun nei oanlieding fan posysjebepaling foar 1 april 2012 mar dat foar in part earder skreaun is nei oanlieding fan de weryndieling dy’t yn SWF plak fûn hat.

23-01-2012 - Fryslân: FNP: 'Ynwenners baas oer takomst eigen gemeente'
Oerlis FNP politisi en bestjoerders

24-12-2011 - Littenseradiel: De demokrasy bûtenspul set
"It soe fan demokratysk fatsoen tsjûgje om de gemeenteriedsferkiezings fan 2014 krekt wol trochgean te litten". Tom Dykstra hat in artikel skreaun oangeande útspraken fan deputearre Schokker oer in mooglike weryndieling yn NW-Fryslân.

16-12-2011 - Ferwerderadiel: Weryndieling
De profinsje hat in fyzje jûn op de mogelike weryndieling

22-10-2011 - Boarger weryndielingsgemeente fan de rein yn de drup
Meibetelje oan grûnspekulaasje buorgemeenten

12-08-2011 - Minister beheint fergoeding kosten weryndieling
Gemeenten hiene rekkene op acht jier, wurdt no maksimaal fjouwer jier

13-07-2011 - Nij Beliedsramt Gemeentlike Weryndieling 2011
It Kabinet hat nije regels opsteld om plannen foar weryndieling te hifkjen.

17-06-2011 - Ferset tsjin weryndieling leannet
Rapport Ynlânske Saken oer wurking wet ARHI

04-06-2011 - 'Amtlike fusy is foarportaal weryndieling'
Hâlde gemeenten genôch romte om noch gemeente te wêzen ?

20-04-2011 - Weryndieling Skarsterlân: FNP nimt ferantwurdlikheid
Ynbring Gerda de Vries yn riedskommisje 20 april 2011

16-03-2011 - Rapport Kommisje-Koopmans iepenbier
Ferslaggen petearen gemeenten ek op webside

11-10-2010 - Deputearre Konst: gearwurking Middelsee 'onzinnig en onverstandig'
PvdA deputearre út de bocht mei krityk op Fryske plattelânsgemeenten

01-10-2010 - Galema set Frysk plattelân bestjoerlik yn'e kjeld
Giet it no om bestjoerskrêft of om de finansjele posysje fan Fryske stêden ?

14-09-2010 - FNP: 'Fúzjepartijen bang foar stimwizer'
Alde partijen hawwe gjin ferlet fan stim fan it folk

26-08-2010 - Fan ûnderen op betsjut fan ûnderen op
B&W útstel opknippen Boarnsterhim docht gjin rjocht oan winsk doarpen

Argyf





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling