FNP Fryslân
Dossiers - Takomst fan Fryslân

Fryslân: FNPj Debatjûn 'Takomst fan Fryslân' 9 sept 2013 De Bres

Sprekkers David Linden - Young Scots for Independence - en Ultsje Hosper - foarsitter FNP

 Oankundiging debatjun FNPjongerein 9sept2013 De Bres Ljouwert  

De ôfrûne tiid is de posysje fan Fryslân flink ter diskusje steld. Sa wol Den Haach ús it leafst opheffe en ûnderbringe yn it lânsdiel Noard Nederlân. Mear as 80 procent fan de Friezen is, sa blykt út ûndersyk, hjir fûl op tsjin en ûnderwilens is it plan dan ek op de lange baan skood. Mar wat wolle wy dan wol as Friezen, wat is ús fisy op de takomst fan Fryslân?


Dêrom organisearet de FNPj, de jongereinôfdieling fan de FNP, in jûn om dizze fraach hinne. Sprekkers sille wêze: David Linden fan de Young Scots for Independence en Ultsje Hosper, de nije foarsitter fan de Frysk Nasjonale Partij.


Sjoch hjirneist de oankundiging fan ús debatjûn 'Takomst fan Fryslân' op 9 septimber 2013 fan 19:30 oere ôf yn debatsintrum De Bres yn Ljouwert

 
 

Sjoch foar mear ynfo en de poster de side fan de FNPj



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling