FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

Grinsferlizzend bloed

planten

Lit Fryslân meidwaan op 'e driuw fan wolken
nei de fierte, want tichtby is fierste nei,
lit ús provinsje groeie nei in grutter skaal
en heger fleane yn de feart fan folken,
want dan docht ús folk ek grinsferlizzend mei
oan 't grutte ideaal: wy gean globaal!

Sjoch nei de wetterhoeke yn 't súdwesten
dêr't it Fryske bloed wat flugger fljocht en brûst
en net genôch hat oan in hert yn lytse lea,
dêr't frije boeren fochten om it bêste
lân fan ierde dêr't it fan de grutskens rûst,
want leaver slaaf yn 't grutte as de dea!

It bloed fljocht fierder nei de lege midden
en berikt it plattelân fan Skarsterlân
dêr't Lytse Bert as ridder fan de lytse skaal
hout yn op Grutte Peter mei syn triedden
rustfrijstiel om hearelân yn grut ferbân,
want hearen fan it fean bestean globaal!

Lit Fryslân meidwaan op 'e driuw fan wolken,
is it grânzgjend galgepraat fan Stoere Sjoerd,
lit ús provinsje groeie nei in grutter skaal
en heger fleane yn de feart fan folken,
want dat sit de frije Friezen yn it bloed:
de grinzen oer, ús folksliet klinkt tenei globaal!  

 blauhuster



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling