FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

Noachs arke

It jeien hat de wrâld ferbline
foar wat nei de lichte koerst
mei 't rizen fan de arrogânsje
dy't troch macht en dollars rûst
as twirren dy't gjin rjochting fine.

Mar wêr't de wyn it wetter swypket
rjochting memme earm om 't lân,
is foar it berntsje gjin garânsje
dat it bliuwt oan heite hân,
as 't folk net foar de takomst diket.

De Grienedyk sil ús fernije
wat de koers ek wêze kin:
foar 't rizend wetter de ynstânsje
om te driuwen: bist en bern
sil Noach yn syn arke krije.

tekeap_wenarke_lyts



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling