FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

Lid fan fertsjinste

Út 'e aktualiteit fan 11 july 2008

Hy koe der neat oan dwaan
dat hy in lid waard fan fertsjinste
by de SKS,
't gie benammen om it jaan
en dêryn wied er net de minste,
ús Ed Nijpels eks.

Hy hie it hert op 't plak
dêr't ek de fjirtjin skûtsjes wiene,
waarm en rjocht foarút
de snút nei 't alderlêste rak
fan Snitsers dy't de krânse hiene,
Douwe kriich de tút.

Wat kinne sy no dwaan,
de fjirtjin froulju fan fertsjinste
mei it waarme hert,
de kampioenen yn it jaan
fan tuten, rjochtút, net de minste,
mar dy krije 't net.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling