FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

Ballade fan Sina's deadespul

De libbens binne net te tellen
dy't yn âlde tiden by de dea
fan Sina's foarst him folgje moasten.
Wa sil ús de lêste eangst fertelle
fan ferstive lea dy't yn it gea
fan 't grêf net wjerstean doarsten?
sinezenlyts
Mar doe't de minskeoffers sloegen
Sina's ekonomysk libben dea,
soe fan de keizer wiisheid komme
dy't matearje yn it deadsryk noege:
terracotta foar ferstive lea
waard út 'e ierde nommen.

De earste keizer, heech fan namme,
makke fan de keninkriken ien:
deselde maten en gewichten,
munt en taal, dat de fersleine stammen
hawwe op syn winken hulde dien
mei tûzen ierdske plichten.

De slaven binne net te tellen
dy't foar keizers ûnderierdske ryk
it terracotta leger makken;
't massagrêf kin ús it leed fertelle
fan ferwrotten lea, fan lyk nei lyk
dat yn de ierde sakke.

Qin Shi Huangdi liet doe ek witte:
‘Ik as keizer bin oan god gelyk!'
Hy gie op reis foar de ynspeksje,
mar lang libje koed er wol ferjitte:
rotte fisk foar 't stjonken fan syn lyk,
gjin balsem as ynjeksje.
sineeslyts
En njoggen moannen nei 't ferstjerren
makke hy syn ûnderierdske reis,
mar sûnder lûd jûchhei en swaaien;
wol de oare stimmen koed er hearre,
hûnderttûzen yn syn deadspaleis,
dy't hjoed de dei noch kleie.

Want altyd klinke der noch lûden
fan guon minsken op Sineeske grûn
dy't pleitsje foar fiif frijheidswimpels
yn har keizerlân fan tûzen noeden,
dêr't de wrâld it boppe-ierdske fûn
fan goadeberch Olympus.
  



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling