FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

Jong FNP

As de âlde stream
rint nei de droechte ta,
riist op de dream
fan jong sil 't ha.

Wý ha fier it each
op wêr't gjin grins ús keart,
foarby de weach
fan jimme leard.

Learden wy net earst
it hechte fûnemint
en twads de geast
fan weagjen wint?

Jimme weagjen bliuwt
yn 't bêd fan de rivier,
mar wat ús driuwt,
rikt seeën fier.

Wêr't de see it lân
bespringt, ferriist de dyk
as hechte bân
om ús ûntwyk.

Bannen binne om
te brekken út 'e stream
fan inkeld skom,
rom is ús dream.

snitsermarlyts



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling