FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

De finger fan John

fingerwant_lyts 

(ynspirearre troch de foto yn de LC fan 14 maart 2008)

Gjin Haachske finger hie noch nei him wiisd,
syn namme lei net op 'e rêde lippen
fan partij en parlemint
yn polityk fertiisd,
hy koe net oan it heechste tippe.

Wol krige hy yn Gysbert Japicx' stêd
it ûnderwiis fan masters wize finger
fan do wurdst in flinke fint
mei wurden wis en rêd,
sa fynsto provinsjaal dyn slinger.

Yn Brabâns BOM stiek hy it fjoer.
Wa wie mei plan en jild in better minger?
Nei't er krigen hie de hint
- foar Nijpels is it oer -
stiek hy omheech syn wize finger.

No is foargoed de Fryske winter oer,
de wanten út, sjedêr de heechste springer
dy't de soele simmer bringt
foar boarger en foar boer
en boppe 't lânskip wiist syn finger.

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling