FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

Skok fan Schokker

Spitich dat it sa mislearre
om't ús Schokker skokte mei in stunt,
want oars wie Fryslân opwurdearre
ta it peil dat elk ús lantsje gunt:
geheime tsjinst, dêr moatte wy op ta,
sjoch Ruslân en Amearika!

Grutte Broer of Grutte Suster,
each en ear is net oan sekse bûn,
se binne hjoed grif net fan juster,
witte fan de sturt en fan de hûn,
mar eigen sifers mocht gjin minske ha,
sjoch Ruslân en Amearika!

Tinne muorren hawwe earen,
fûn it each fan Grutte Suster út,
de fraach wie hoe 't gehoar te kearen,
resolút naam sy in waaks beslút:
net ien op wacht foar it berie, mar twa,
sjoch Ruslân en Amearika!

De skok fan Schokker wie in flater,
spitich dat it sa mislearre is,
want no sit Fryslân mei in kater:
gjin geheime tsjinst sa goed as wis,
wol dikke muorren sil it nije ha
fan Ruslân oant Amearika!

provinsje



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling