FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

Op stoom

Snits de stêd mei stoom en faasje
oer it wetter en it spoar,
ûntspoarde mei de sinteraasje,
dêr wie de provinsje foar.

Stichting Stoomtrein Fryslân spoarde
stomend op in botsing ôf,
om't Ljouwerts koalen minder scoarden
wie de reek fan lilkens blau.

De provinsjemasiniste
sette doe it sein op read
omdat dy reek 't miljeu ferpeste,
yn 't ferkearde kielsgat skeat.

Oerlis yn de restauraasje
sette 't spul wer op it spoar.
De fraach is oft de Fryske naasje
wol op stoom bliuwt mei elkoar.

stoomtrein



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling