FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

Snoeidei

Snoeidei

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

It linksfront sei:
‘Wy meitsje ús foar 't swakke sterk
en reizgje ôf út Uruzgan,
dêr wist it folk al jierren fan,
wy bliuwe leaver tichtby hûs,
gemeentes ha wy by de rûs,
o nee, net rjochts,
mar wol in fraksje frije merk.'

It rjochtsfront rôp:
 ‘De frijheid is ús hannelsmerk,
wy plúzje alle opsjes nei
om net út Uruzgan rap wei,
wy sjogge 't grut, gean foar globaal,
lytsskalich is in oar ferhaal,
o nee, net links,
mar swak mei achteryn it perk.'

It stimfolk fûn:
‘Wy snoeiers moatte oan it wurk,
want links en rjochts, in tizeboel,
sadat it boekebeamke foel,
wy kapje ús de hannen lam
mei 't each op Fryslâns âlde stam,
dus FNP,
dy tûken rikke oant it swurk.'

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling