FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

Fryslâns goaderie

Soemerië hie tolve goaden,
âld en jong yn de famyljerie
dy't yn de mande 't Al bestjoerde,
soan dy't foar de heit net ûnderdie
en dochter dy't har ek wol roerde.

 goaden

Se skreauwen yn de klaai har nammen,
spikertekens rjocht en sûnder sier:
god Anoe, Enki, Oetoe, Enlil
tilden oan har taal en oarsprong swier,
hoewol ferskil, se wiene ien fan wil.

Dy wil hat Fryslân aneksearre:
jong en âld yn de provinsjerie,
de sparringpartner en de buddy
meitsje fan it goadewurd in die,
mar taal ferwurdt al gau ta smurry.

 krantestikje1



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling