FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

Flean oer 't Net Partij

Rju achte lânslju fan de FNP,
wol harkje nei it mânsk ferline
fan de Froulju Net Partij
dy't mei it findel op 'e winen
út 'e fjouwer streken waaide, frij
fan noard nei súd, fan west nei east,
mar foar de haadlju noch it meast.

Mar wit dat frijheid is net bûn oan 't haad
fan 't spul, mar wjukket op 'e fearren
fan de Flean oer 't Net Partij
en sa befrijd emansipearret
nei nij mei oan it haad gjin hy mar sy
dy't noard en súd en west en east
befljocht mei graasje yn har geast.

Sy is gjin Kenau Simons Hasselaar,
gjin Britske Thatcher, Dútske Merkel,
net fan Frouljus NetPatroan,
wol fan 't swakke punt nei 't sterke
en fan Fryske Faasje No Pak oan
yn noard en súd en west en east
is Nynke Beetstra haad foar 't earst.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling