FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

Bernefreonen

Bernefreonen
fan Dees de Bruyne*

 Bernefreonen lyts

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Se wurde dutsen yn de rêch
troch rezjiminten plysje en soldaten,
dat gjin demonstranteploech of -pleach
fersteurt de party fan de maten.

Dêr stean de lieders fan de wrâld
dy't goaden, dollars en de macht oanbidde,
sjitte mar, oars wurdt de kofje kâld,
lit taart en wierheid yn de midden.

It boartsjen is foargoed foarby,
se binne slachte, brûkt, bewust besketten,
demokratysk lokkich bist en frij,
want sy bestjoere neffens wetten.

De hawwers skowe hastich oan
om mear te krijen no't de berntsjes romme
binne, taart en kofje smeitsje skoan,
moarn sil in nije lading komme.

* Dees de Bruyne (1940-...),
dy't in proletaryske bernetiid belibbe,
makke yn de earste jierren fan syn karriêre
foaral maatskippijkrityske skilderijen.   

 




 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling