FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

Heidensk CDA

Adam en Eva 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

It barde by de start fan 't minskdom
dat yn 't hôf de appel plôke waard
dy't kennis joech fan goed en kwea,
doe stie de takomst op 'e kaart,
in saak fan libben en fan dea.

't Wie folle letter dat de winsk om
ien te wurden, honorearre waard,
't appel op kristenstriders skreau
it CDA klear op 'e kaart,
't koe minder wat de kristen dreau.

Mar tiden hawwe tiden, 't minskdom
sekularisearre, 't CDA
dreau op 'e weagen fan de tiid
mei nei globale baaien ta,
't appel ferwaaide, sa't soks giet.

En hieltyd minder waard de winsk om
ien te wêzen mei 't profetewurd
fan Amos, fan professy boer,
hy griep it boltsje by de sturt,
it heidensk ûnrjocht wie him oer.

 

Bollekeal 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Faak geane tiden op herhelling,
slûpt no 't heidendom troch Nederlân
en brekt wyld út yn razernij
op folk dat libbet oan de hân
fan Allah, net fan de partij.

En hieltyd djipper wurdt de delling
tusken CDA en Amos' wurd
foar flechtling, widdo en de man
dy't ûnrjochtmjittich rekke wurdt,
it heidendom kaam yn de ban.

Doe briek de dei oan fan 't oanbidden
fan it bollekeal troch 't CDA
dat bûgde yn de wyldernis
foar dy partij om macht te ha...
de appel op appel... 't wie mis.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling