FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

Seisstêden

It koe net oars, it moast der wol fan komme,
't stedsje Snits wie fierste lyts,
twa doarpen wiene anneksearre,
mar noch altyd koe men 't rêde op 'e fyts,
dus waard it eachweid fan de stêd ferromme.

 

Seisstêden

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 


It earste wurd wie oan de pommeranten
mei it sicht op daliks grut,
't idee feroare yn fiksaasje:
lit ús traapje de Mercedes op 'e sturt,
dan jeie wy út Snits nei alle kanten.

It wurd waard wet, men koe der net omhinne,
streekrjocht gie it derop ta:
ferkiezings as ferdivedaasje,
yn it sirkus woe Snits eigen clowns earst ha,
dy soene grif de measte byfal winne.

It moat net oars, want lit ús earst ris telle:
mei seis stêden fierwei ien
en tachtich doarpen, heech wurdearre,
hat it stedsje Snits it wolris minder dien,
dat rûnom sille se it nijs fertelle:

Seisstêden, sa sil ús gemeente hjitte,
dat sil hiel de wrâld nea wer ferjitte.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling