FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

Paspoarte

Frysk paspoart 

 

 

 

 

 

 



 

 

 

 

 

Sil it út Sint Jansgea komme,
gea en doarp ferneamd nei Sint
Jehannes, hillich hiel de ierde oer,
yn 't earst in sljochtwei hinne fint,
mar letter hat er 't foartou nommen.

Sil it Chris van Hes dêr wêze
dy't yn Fryslân 't foartou nimt?
Want him is 't Nederlânske byldmerk oer
dat elk ta Hollân foarbestimt,
hy wol yn 't Frysk syn namme lêze.

Chris teach nei de boargemaster,
spuide galle op syn fest
fan ‘wettelijk is het een hele toer',
mar wa't oan wetten hat de pest,
bliuwt sljochtwei hinne kritikaster.

Christiaan, bekend fan namme,
paste by Jehannes goed,
bekeare soed er, by de Tsjonger oer
de wrâld yn mei it Fryske bloed
tsjoch op: ‘Dat komt te pas, ferjamme!'

Wa't de kwestje lûkt yn 't koarte
tinken, hat gjin perspektyf,
springt nea it Hollânsk Djip yn ien kear oer,
besjocht it wrâldferrin nayf,
want Frysk past yn de wrâld as poarte.

 

Paspoart foar Fryslân

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling