FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

Haachske hoanne en Fryske ûle

De Fryske bisten kinne mar in bytsje,
sa wol it wiere westen ha,
se kôgje stadich as de kij,
it domste skiep fielt him dêr frij,
it giet op lege koppen ta,
want Fryske bisten hawwe gjin ambysje.

Dus harkje skerp hoe't Haachske hoannen kraaie,
dat lûd rint gau nei sifer tsien,
in wettich galmjen nei it gea:
'Fret hoannefoer, gjin gers of hea,
sa hawwe wy it altyd dien,
wy trêdzje hinnen foar befruchte aaien.'

 



Se stieken oan dy iene Fryske hoanne
mei op 'e kop in kaam as fjoer,
dy kraaide mei it Haachske koar,
want hoannefoer, dêr wied er foar:
'Ik moat begjinne by de boer,
wol struie, mar de keallen net mear boarne.'

Mar doe't de hoanne op 'e stôk al slomme,
begûn de Fryske ûle mei
it skôgjen út 'e hichte wei
en syn konklúzje wie dernei:
'De Fryske bisten frette dei
en nacht en sille likegoed der komme.'

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling