FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

Dyktaal

(opdroegen oan de partijfoarsitter)

Dêr't gjin dyk it lân omklammet,
is it simmers ljochtskyndei
as de sinne hieltyd flammet
en gjin see komt Fryslân nei,
mar as winterdeis de weagen
rôlje fierder as it strân,
winsket men it wie in leagen
dat de see spielt oer it lân.

Dêr't de dyk it lân omklammet,
sprekt de Fries in kleare taal:
wa't him foar de diken skammet,
giet de see mei oan de haal,
rôlje fier globale weagen,
slepe mei de eigen taal,
mar wa't hâldt de dyk foar eagen,
docht de tiid troch syn ferhaal.

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling