FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

Ballade fan Frysk Amearika

Wy binne grutsk op Stuyvesant,
in dûmnyssoan út Skerpenseel,
gjin passifistysk preker want
hy gie foar gûverneur en skeel.

 Vitaly Komar en Alex Melamid

Dochs hiene wy him leaver hân
yn 't fel fan Hudson, Ingelsman
yn tsjinst fan 't blanke Nederlân,
sa makke Hudson der wat fan.

Hy foer nei west, mar woe nei east
en seach in yndianestam,
it blanke wie mear yn syn geast,
gjin Readstêd mar Nij Amsterdam.

As Stuyvesant doe Hudson wie,
dan hie it west Nij Skerpenseel,
sa'n Fries is daliks út 'e rie,
Nij Ljouwert jout yn Snits al skeel.

Dat Stuyvesant liet stowe 't sân,
hy wie in hurde Fries fan aard,
mar rêde 't net mei Ingelân,
Nij Amsterdam gie fan de kaart.

De Yorkers keazen foar New York,
de Ingelsman waard kolonist

en krige 't letter oan de stôk
mei eigen folk dat better wist.

Sa seach Amearika it ljocht,
Feriene Steaten waarden 't lân
fan frijheid en fan minskerjocht,
ús Fryslân hie 't sa ieuwen hân.

De geast fan Stuyvesant stie op
en sweefde nei Amearika,
erkenning wie de Fryske rop,
as earste lân soe 't dêr op ta.

De readhûd yn it reservaat,
de terrorist yn Kuba's Bay,
de CIA noch sterk paraat,
frijút want rjocht troch bush en see.

Dat Fryslân fiert it jubileumfeest
yn 't teken fan Nij Skerpenseel
en mei in frije, rjochte geast,
want wy besjogge 't sûnder skeel.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling